SDS 1 nimt kopposysje wer oer(mei foto’s)

Fotos SDS1-Be Quick1
24 april 2004
Wepperkes -snein-
25 april 2004

SDS 1 hat juster goeie saken dien. Yn de topper tsjin Be Quick Dokkum waard fochten foar de lêste kâns foar it kampioenskip. Yn in boeiende topper waard mei 3-1 wûn.

It wie drok op de Skoalleseize. Trije bussen wienen der meikommen út Dokkum en ek út de omkriten fan Easterein wienen der in soad op dizze wedstriid ôfkommen. Nei in soad fjoerwurk fan it Dokkumer publyk
 
In fleurich gehiel foar de wedstriid.
begie de wedstriid. SDS wie sterker en kaam nei 3 minuten al mei 1-0 foar. Gert Jan Hiemstra sette de bal foar, de bal gie oer de keeper hinne en in spiler fan Be Quick koe der net mear foar wei komme en kopte de bal yn eigen goal. Nei 7 minuten krige Gert Jan it oan ‘e stok mei oanfierder Leo de Roos. Skiedsrjochter Kraak joech Gert Jan de reade kaart en De Roos fan Dokkum mocht mei giel fierder spylje. SDS krige it hjirnei efkes dreech mar pakte al gau de wedstriid wer op en bleaun de gefaarlikste ploech. Robert en Hendrik krigen beide in goeie kâns. Doe Hendrik de Jong nei hast in heal oer spyljen út in drege hoek knap de 2-0 binnen skeat, hie Dokkum noch gjin kâns hân. Dochs kaam sy foar de rêst noch op 2-1. De Dokkumers krigen flak foar rêst trije goeie kânsen. Broer Wiebe rêde ien kear knap en Jacob Klaas koe ien kear rêde op de doellijn. By de 3e kâns wie it raak. Broer strompelde (hy wie wat blesseard rekke) by in hege foarset nei de 2e peal wêr Wichard net foarkomme koe dat de 2-1 binnensketten waard.

De twadde helte begie rêstich. Ien kear baarnde de wedstriid efkes oan doe ’t in spiler fan Be Quick wat hurd op Broer Wiebe trochgie en supporters fan Be Quick hun hjirmei bemoeiden doe ’t Broer lilk op dizze jonge waard.
De flam slaat efkes yn de panne.

SDS kaam eins de hiele 2e helte net mear yn problemen en koe de 3-1 meitsje. Hendrik de Jong koe út in rebound knap skore. Dat ek in spiler fan Be Quick noch read krige die der eins net mear ta.

SDS liet dizze wedstriid sjen fjochtsje te kinnen (yn ‘e goeie sin fan it wurd). Stik foar stik spilen sy in knappe wedstriid mei net ien útsondering. Skiedsrjochter Kraak fertsjinnet ek in komplimint foar it knap lieden fan dizze wedstriid. Al bliuwe der altiten op- en oanmerkingen fansels.

Folgende wike moat SDS nei Bolswardia en Be Quick spilet thús tsjin Rottevalle. Buitenpost kin noch kampioen wurde at beide toppers ferlieze. It bliuwt dus spannend yn 3B.