Wepperkes -snein-

SDS 1 nimt kopposysje wer oer(mei foto’s)
25 april 2004
Programma SDS dizze wike
26 april 2004

Ald papier

Sponsor fan SDS 1 is American Base yn Boalsert. Siep Boonstra is de eigner en hy wie sneon fansels oanwêzich om te sjen hoe’t SDS wûn fan Be Quick.

Oer de wedstriid tsjin Bolswardia siet hy net yn.

“Ik haw al tsjin harren sein, dat se it âld papier net wer krije at se SDS net winne litte”.

En sjoen de âld papier priis op dit stuit, soarget soks foar in flink gat yn de begrutting.

 

Bommensmiter

De Dokkumers (granaten) kamen mei in protte geraas en fjoerwurk yn Easterein oan. Dat soarge foar in prachtige entoeraasje. It húskepapier hie yn Dokkum yn de reklame west en it wie seker al oer de hâldberheidsdatum hinne, want der waard hiel wat papier op it fjild smiten.

Wy wiene bliid dat it om fjoerwurk gie en net om granaten. Mochten se dat al fan doel wêze, dan hat it grutte kâns dat ek SDS grut geskut ynset. Sponsor American Base hat dêr wol in oplossing foar. De SDS-707 stiet klear foar in oanfal.

 

Op nei Boalsert

Sneon 1 maaie wurdt elkenien in Boalsert ferwachte. De tún moat wachtsje, it winkeljen útstelden  fakansjes moatte trochskood wurde.

Siep Boonstra, de yn Wommels wenjende haadsponsor fan SDS 1 sjocht it wol sitten en hie wol sin oan in stunt. “Allegear mei de boat nei Boalsert”, dat like him wol wat.

Wy binne benijs at der mear binne dy’t er sa oertinke.

 

SDS5

Yn it skaad fan SDS 1 en yn neifolging fan SDS 2 is SDS 5 dwaande kampioen te wurden.

Kommende woansdeitejûn wurdt elkenien útnoege om de wedstriid tsjin Ryptsjerk by te wenjen. Om 19.00 oere giet it los en by winst is it kampioenskip binnen. By in gelykspul kin der noch ien ploech gelyk komme.

Ofrûne sneon hat SDS nei Blijatrija west. It ferslach stiet by senioren.

 

Doelpunten

Hendrik de Jong hat it twadde plak op de topskoorderslist wer oernommen fan Henk Postma. De folsleine list stiet by senioren.