SDS 5 los
18 november 2003Skets nije kantine
18 november 2003Alternatyf ferslach fan in gearkomst
Alle fergelikingen mei besteande persoanen berêste op tafal
Foarsitter R. “Wybert” W., hjit om goed 8 oere sa’n 35 mannen en 3 ferdwaalde froulju in wolkom ta efter de mikrofoan dy’t er foar soargje moat dat wy him dochs noch ferstean kinne.
Foardat wy oan it twadde bakje kofje ta binne mei in gefulde koek (mei nútsje) komt er fan alles oan de oarder:
– De notulen fan ferline jier, wêr frege waard at it gers ek wat langer meand wurde koe. Der is nimmen dy’t no freget at dat ek dien is.
– Nederlandse notulen dêr’t I. wol wat muoite mei hat
– In frysk jierferslach wat I. flaterleas oplêst.
– In ôftredende ponghâlder dy’t noch efkes prachtige sifers presinteart, dy’t elkenien begrypt en dat is net neat want ………en ……… wiene der ek
– In begrypfolle seal dy’t in kontribúsje ferheging sûnder skodholjen oannimt
– In plan foar in nije kantine presintearre troch F.J. en J. B.t
– In befestiging dat it net maklik is wat klear te krijen yn dizze gemeente
– Dat wy hoopje dat it moandei reint, sadat de riedsleden it blubberfjild goed besjen kinne
– Foar de 5de kear (in jubileum) de jammerdearlike trainingsfjilden oan de oarder komme en dy’t ynkoarten mijd wurde troch kampioensploech D1
Foardat wy in bierke nimme meie, komt oan de oarder:
– Ofskienimmende bestjoersleden dy’t op skuon komme mar op ien klomp nei hûs moatte (Jacob. en Popko.)
– Wer keazen bestjoersleden dy’t mei blommen wol let thús doare te kommen (Willem) en opknappe sille fan gryp (Roel)
– In nij bestjoerslid dy’t al ien klomp hat en der graach noch ien by ha wol (Tinus)
– In nij bestjoerslid dy’t op it fjild in bytsje de baas is en no yn de bestjoerskeamer ek in bytsje (E J.)
– In âld jeugdfoarsitter dy’t ôfskie nimt en der gâns fleuriger by stiet as ferline jier
– In nije jeugdfoarsitter dy’t by elk tillefoantsje him ôffreget welke âlder soe it no wer wêze
– In rookferbot wat er net komt
– Dat Drylts yn Fryslân leit en gjin reiskostenfergoeding oplevert
– Earste en twadde alvetalspilers mooglik bettere jeugdtrainers binne dan 4de en 5de alvetalspilers
– Dat by it omfreegjen der 33 kear nee sein waard en 5 kear in fraach steld waard.
Op dizze jûn waard ek dúdlik (en dat is foaral foar it thúsfront) dat de kantine in oere nei de gearkomst ticht giet.
It is no wol dúdlik dat it thúsfront net bliid is mei de foarsitter fan de keatsferiening. (hy die sels in oprop foar de gearkomst fan nije wike, dus de bazen binne tiisdei wer warskôge.)
Ta beslút: in bierke fan 60 eurosint is lekkerder!!!!
Aant