Reinige sneintemiddei wepperkes

Wedstriidprogramma SDS D2
25 juli 2004
Bekerprogramma SDS 2
26 juli 2004

Krânsen oan de muorre
De striid om de measte kransen laait wer op troch in berjochtje fan de famylje Scheltema yn Easterein. ” wij hebben er ook al 8 kransen!!”, skriuwe sy. Wy komme dizze wike lâns om dat te kontrolearen en in foto te meitsjen. De famylje Okkema stiet noch altiten boppeoan, want it is ús wol dúdlik wurden dat Jacob Klaas, Erik, Drees en Hilda gjin earste priis wûn hawwe.

LC Coach
De Ljouwerter Krante hat it kommend jier ek wer it spultsje Coach fan it jier. Je kinne dêr oan mei dwaan foar in lyts bedrachje. Je hawwe yn dat spul in protte tsjinstanners mar kinne ek yn in sub-kompetrysje meidwaan. Wy hawwe al fêst SDS Easterein oanmelden foar in eigen kompetysje. Wa’t mei dwaan wol yn dy kompetysje, moat him sa gau mooglik opjaan by
LC Coach. En fansels dan oanjaan dat je meidogge yn de SDS kompetysje.

Liftsje
Moandei 26 july is der in ynternasjonale liftwedstriid fanút Uden (NB). Twa Friezen dogge hjir oan mei. Sjoukje Koudenburg út Goenga en Tsjeard Hofstra út Wommels. Sy sille besykje om as earsten yn Courmayeur (Alpen) oan te kommen. De wedstriid is te folgen op de side fan de
liftklup.

Mochten jim moandei ûnderweis wêze nei dat gebiet en je sjogge twa Frsyke rêchsekken stean oan de kant fan de dyk, dan hat it grutte kâns dat Tsjeard of Sjoukje dêr oan hingje. Meinimme fine se dan net slim.