Pechfûgel

Pieter Kamstra makket nr 150
22 december 2003
Cees Jansen nei CSL
23 december 2003

Ta pechfûgel fan it jier fan SDS is útroppen Folkert Rients Vellinga. Hy sit sûnt augustus 2002 by SDS 5 as de Benjamin. Troch oare drokten, gesin en de band Sebeare, kin hy net regelmjittich syn slidings ynsette. Dat stie him sels ek net oan, dus sil dat de reden west hawwe dat hy syn sjongkarriere by Sebeare stopset.

Om syn libben te betterjen wie hy fan doel der wat faker te wêzen. In pear wike lyn hie SDS 5 te folle spilers en hy moast mei SDS 3 dwaan. Op him sels neat mis mei, mar hy moast de earste helte fluitsje, dus it fuotbal wie mar heal.

SDS 5 moast op 20 desimber foar de bekerwedstriid nei Minnertsgea en sûnder der by nei te tinken ried Folkert Rients ek mei nei de Bildthoeke. By oankomst hie mannichien der goed oernei tocht, en wie de konkluuzje: dit is in raar fersin, want in 28 jierrige kin net mei dwaan yn de bekerkompetysje 35+. Al hoe sneu it ek wie, Folkert mocht …flagje. Hy die dat mei opgewekte tsjinsin, want ek hy hie wol yn de gaten dat sa’n jong gesicht net foar 35+ trochgean kin. Sa hawwe wy ús wer goed oan de regels halden. Want je witte mar nea.