Peaskemoandei weppers
12 april 2009Weppers woansdei 15-4
15 april 200911 minuten
Soms bart der yn 90 minuten fuotbal neat. En soms binne 11 minuten genôch om 4 oant 5 kânsen te krearen. Hendrik de Jong hie nei 2 minuten binnen koppe kind, mar de bal gie neist. Foar it doel fan Marten wie noch mear te belibjen. Staphorst skoarde 1 kear mar dat hie wol 4 wêze kind.
De dei nei
Wy hawwe juster wer in fantastysk Aaipop meimakke. Moai waar, leuke bandsjes en in soad fage bekenden. Fan dy fage bekenden hearden wy ek wer in soad nijtsjes. Jim kinne der hjir hjoed in pear lêze.
SDS 2
Jûn om 19.30 oere spilet SDS 2 tsjin Staphorst 2. Kom op tiid, want foardat jim it witte is it foarbij. De wedstriid duorret mar in lyts kertierke en begjint bij in stân fan 2-2. Bij winst hat Staphorst in perioade.
SDS 2 – Staphorst 2
18.45 der wêze
19.30 fuotbalje
De folgende spilers dogge mei:
Marten, Jan Simon, Dennis, Syb, Feite, Henk, Anne, Harm, Wichard, Dirk Yde, Hendrik, Hjalmar.
Traine
Tiisdei traint it twadde en tredde net om 20.00 oere mar om 19.45. Natuurlijk earst efkes sjen bij de leste 10 minuten fan it twadde.
Klaas
Traine SDS 1
De A- seleksje traint jûn om 19.45 oere. Sa kinne se earst efkes bij SDS 2 sjen en fansels oanmoedigje.
In klup keapje?
Wa’t ek eigner wurde wol fan in betelle fuotbalklup moat op dizze side sjen. Der wurde 10.000 sportfans frege om in earste defysje klup oer te nimmen.
“Au”tsen
Ôfrûne sneon rekke stjerspylster fan de SDS-froulju Joutzen Okkema blesseard. Sy hie bot pine, dus waard lyk de ambulânse belle. Dizze woe earst net komme, mar doe ’t sy hearden dat it om Joutsen gie kamen sy lyk mei gillende sirenes nei it fuotbalfjild yn Harns. Mei gang as in plysje gienen sy nei it sikenhûs. Der waarden foto’s makke en “Au”tsen krige wat tsjin de pine. Dit holp gau en lokkich genôch blike de foet allinnich mar slim ferstûke.
Min nijs
Dit is min nijs foar Dirk-Yde(klik hjir).
Nei SC Joure?
Wy hawwe it noch net offisjeel heard, mar it liket frijwol seker dat Arnoud Koster folgend jier by SC Joure fuotbaljen giet.
Nea wer op ‘e fyts
Juster heard nei Aaipop:
” Hey is dat Ronny of Jeroen die der rint mei de fyts?”
“Ja ik ben het Ronny en mijn ketting is eraf”
“Mar dan stjonk je toch net sa nei blaue drek?”
“Mja ik heb ook in de sloot gezeten”
“Dan must snel nei hûs, we sille de ketting derop sette”.
“Je kan doen wat je wilt maar ik fiets toch nooit weer….”
WK earder?
Der geane geruchten dat it Wommelser Kampioenskip dit jier earder fan start giet. Binnenkoart sil der in parsekonferinse wêze wêr dat yn bekend makke wurde sil. A.F. de B. en H.E. sille nei in geskikte datum en lokaasje op syk.
De seal yn?
De gelûden wurde hieltiten lûder dat SDS folgend seizoen wer mei in nij sealteam los sil. Juster hawwe inkelde spilers dit bepraten. Hooplik kinne wy ynkoarten de nammen bekend meitsje.
Adebayor
Oan ’t syn fjirde jier koe Adebayor net rinne. Dochs is it úteinlik allegear goed kommen: