ONS geeft SDS oplawaai?

Freonskiplik of oefenwedstriid?
18 augustus 2003
Veteranen ferlieze
19 augustus 2003

Op de thússide fan ONS út Snits jout de ferslachjouwer fan ONS de yndruk dat hy it poerbêst foar hat my syn eigen klup en dat hy SDS mar neat fynt.

De kop fan it stik seit dan ek hiel wat. Want is it net sa dat ONS as earste klasser in tredde klasser oprôlje moat? Is 2-6 net in stân dy’t by sa’n wedstriid passe kin?

It liket my wol sa ta.

Boppedat je kinne pas sprekke fan in oplawibus at de ûntfanger dat sels in oplawibus fynt.

Ik kin se yn Snits gerêststelle. It wie gjin oplawikus.

SDS fuotballe goed, seker yn de earste helte en kaam troch yndividuele flaters op efterstân. Net troch dat geweldige hautaine spultsje fan ONS.

Dat SDS besocht by te bliuwen en dêrby de striid net mijde wie neat mis mei. De skiedsrjochter jout de grins oan en dat die hy dan ek. Gjin kaarten tocht ik sa.

Irritant wie net it fermiende hurde spul fan SDS, mar de a-kollegiale reaksje fan doelman Mellema, dy’t besocht immen noch efkes in kaart oansmarre te moatten.

 

Nee, yn Easterein hawwe wy it wol sjoen. De kans dat ONS kampioen wurdt is wer net grut. It fuotbal eaget betiden prima mar de striidberens sil wat grutter wurde moatte.

Mooglik dat dit oefenpotsje dêr yn bydroegen hat. Dan hat SDS dochs noch ergens goed foar west.