Ofskie Wichard

Wepperkes -freed-
3 juni 2005
Wepperkes -sneon-
4 juni 2005

Wichard Deinum hat justerjûn ôfskie nommen fan SDS 1. Hoewol, de ôfskiedswedstryd hat noch net plakfûn (it fjild wie te wiet en it bleau mar reinen).
Teloarstelde blikken fan SDS-ers en foaral âld SDS-ers. Mannen as Peter Kusters, Richard vd Weit, Rients Smeding en Arno Eisma hiene wol graach efkes fuotbalje wollen.
No wiene der allinne mar loovjende wurden en in barbekjoe. Oh ja de bar wie ek iepen.


It beste en it giet jim goed, seit  Wichard


Hielke de Vries, begjin jierren 90 suksesfol as trainer liket hjir ek al wer nei te tinken oer de opstelling


fan wierskynlik de blêden mei fleis.


Ek Gatske, ien fan de grutste “krityske” fans fan Wichard, wie oanwêzich.

Anne Brouwer hie de liedding fan de jûn. Hy joech de mikrofoan oan Tinus Hoekstra (1 kantsje) Klaas Dijkstra (2 kantsjes) Gert Jan Hiemstra (gjin kantsje) en Wichard (4 kantsjes).

In moaie bokaal as herinnering oan 15 jier SDS1 wie it kado foar Wichard en blommen wiene der foar Aukje.

Yn de taspraken gie oer de trije Essen, trije oare Essen en de 5 Aas. (in soarte mei ABC dus).

It sil noch wol lang ûnrêstich west hawwe yn de kantine.