Wepperkes -tiisdei-
26 oktober 2004Wepperkes -woansdeitejûn-
27 oktober 2004Op 25 oktober wie de jiergearkomste.
Nijsgjirrige saken fan dizze jûn:
v Foarsitter Rienk hjit sa’n 40 leden wolkom
v Teake Brouwer giet út bestjoer om sûnensredenen
v SDS kin net sûnder de ynset fan al dy frijwilligers
v Auke Jetze fersoarge de kofje en thee
v SDS hat sa’n 296 leden
v 2003/2004 wie sportyf sjoen in prima jier
v 2003/2004 wie finansjeel ek in goed jier
v Auke Jetze fersoarge de gefulde koeken
v Bestjoer Skoalleseize jout útlis oer takomstplannen
v Op in moaie nije kantine mei fitnessromte wurdt op ynsetten
v In tredde fjild soe best noch wolris komme kinne
v In jeugdtrainer is noch altiten net fûn
v SDS hat 12.000 euro mei betelle oan de ljochtmêsten by it nije trainingsfjild yn Easterein
v Protte sportive suksessen fan jeugd alvetallen
v Mars aksje jeugdkommisje grut sukses
v Koos Plantinga ferlit jeugdkommissje en krijt blommen
v Der is noch net in nij lid fûn
v De nije kleanline (sjurtsje) wurdt sjood troch Enne Jehannes
v Gearkomst stimt yn mei ynrjochtsjen kleanfûns
v Kleanfûns wurdt fuorre troch sponsers en leden (0.50 euro sint per moanne)
v Alle leden spylje oer in oantal jierren yn de selde sjurtsjes, mei of sûnder reklame
v Auke Jetze fersoarge al wer in bakje kofje of thee
v De útspraak fan de jûn kaam fan Feike Jorritsma fan de Skoalleseize: fa Okkema, fa. de Jong en fa Couperus hawwe net mei in harke skreaun. Der misten wol wat tosken út. Prima sponsers dus.
v Kontribusjeferheging fan 2% is akkoard
v Plantinga en Plantinga hawwe de boeken fan de ponghâlder besjoen en goed befûn
v Plantinga giet er út en Ids Boersma komt er yn.
v Klaas Okkema jout oan dat dat er neat mis mei de side fan it dophok
v Douwe Durk is dat mei him iens
v Goed 10 oere sjit it al moai op.
v Auke Jetze tapt in bierke
v Auke Jetze tapt in bierke
v Auke jetze tapt in bierke