Nijste wepperkes

Futsal: SDS 1 kampioenswedstriid?
1 maart 2004
SDS League: Fjoer en Wetter wer boppe oan.
3 maart 2004

SDS D1 oefenje?
SDS D1 sil dan kommende sneon eindliks in kear oefenje. At it waar it no wolris talit dan oefenje sy sneon om 10.00 oere thús tsjin earste-klasser Balk. SDS D1 spilet sels yn ‘e twadde-klasse.

HJSC
Âld-SDS’er Klaas Westra is op it heden trainer by syn âlde club HJSC yn de Hommerts. Dit neidat der stoppe is by Harkemase Boys 2. Kommend seizoen traint hy DWP 1. Miskien in idee om mei SDS 2 ris tsjin HJSC te oefenjen? Neffens Klaas leit it fjild fan HJSC derby of wie it Wembley. Sy hawwe ek ferljochting.

Ferslach
Op de side fan Zeerobben stiet wol in hiel koart ferslach fan de wedstriid Zeerobben 1- SDS1. Zeerobben oefende tegen SDS en speelde met 1-1 gelijk. Eén moment was van belang en is te zien op bijgaande foto. De 1-1 gemaakt door Barry Hamstra.

De foto is te sjen op www.zeerobben.nl

Gelokkich hawwe wy ek in foto fan ús doelpuntenmakker:     Harm “Clarence” Stremler.

Degradeare
Sa’t jim al ris yn de Treffer lêze koene, is Stoffel Bouma ek in betûft Frysk dammer. As ienige SDS-er makket hy hiel út fan de haadklasse yn it Frysk damspul.
Op dit stuit wurde de wedstriden om it kampioenskip spile en it stiet der net goed foar mei Stoffel. Kommende sneon moat hy de lêste twa wedstriden winne oars degradeart hy. Wa’t him noch moed taskriuwe wol, kin dat dwaan op stoffelbouma@tiscali.nl . Fansels wol foar sneon, oars jout it neat mear. De lêste wedstriden wurde spile yn in doarp oan de Zwette. Gelokkich degradeart Stoffel mei SDS 5 net, sterker noch hy kin noch kampioen wurde.

SDS League
Juster wienen der wat problemen mei de side. Dêrtroch stiet de nije stân noch net op de side. Fanmiddei stiet hy der al op.

Oefene?
It is net dúdlik at SDS 1 juster no ek oefene hat tsjin Nijlân. Kin ien ús dat sizze? Mail it nei; info@vv-sds.nl