Nije wepperkes

Noch 2 dagen foar de SDS-League!!
1 september 2005
Seleksje SDS 1 foar sneon
2 september 2005

Nije maat
Sa as miskien wol bekind, wol Jehannes Dijkstra de lêste twa wedstriden net mear keatse mei Jacob Klaas Haitsma en Gerrit Flisijn. Mei noch twa nijsgjirrige partijen op it programma wie dat fansels ferfelend. Sa as gewoankik wisten wij fan de redaksje wol in oplossing: immen fan de redaksje kin it plak fan Jehannes maklik ynnimme. Omdat Sjoerd yn Jorwert aktyf is, Durk mei it moaie waar genôch fertier hat yn it lân, Willem net bij de stuit wei kin, Aant al in krâns hat dit jier en Metsje net meidwaan mei omdat se fan it oare geslacht is, bleau ús nij redaksjelid oer: Gearard van Asselt. Hy stiet kommende snein op de list yn Reduzum. Sukses Gearard.

Nije fersoarger
SDS 1 hat in nije fersoarger. Nei lang ûnderhanneljen hawwe sy justerjûn de fersoarger fan SDS 2, Dirk de Jong, strikke kinnen as striker fan SDS 1. Kommende sneon makket hy syn debút.
hspace=0
 
Dirk de Jong

Nije spiler
SDS 2 is drok oan it ûnderhanneljen mei in spiler fan SDS 3. It soe goed kinne dat hy folgende wike syn debút makket yn Hasselt tsjin Olympia ’28.

Nij tillefoannûmer
Jan Stenekes wurdt faak belle troch spilers fan C2. Hindert neat wie it net dat dizze spilers fan C2 eins harren trainer Stefan van Krimpen oan de lijn hawwe moatte. It docht dus bliken dat yn it bewarnûmer fan de Treffer efter Stefan syn namme Jan syn tillefoannûmer stiet. Dit kloppet dus net.

Nije datum
It seizoen is noch net iens oan de gong of de earste wedstryd wurdt al wer útsteld. SDS 4 is de ûngelokkige. Sy hawwe sneon frij mar sille nije wike tiisdei oantrede moatte thús tsjin Heech V foar de beker.

Nije seleksje
Moarn spilet SDS 1 syn earste wedstriid yn de 1e Klasse thús tsjin HZVV. Letter hjoed kinne jim de seleksje foar moarn besjen.

Nije ronde
De sealfuotballers fan SDS 2 kin harren klearmeitsje foar de 2e ronde fan de beker. Sy wûnen woansdei foar de beker fan WZS 3 mei 6-4. Dirk-Yde wie matchwinner mei 5 goals. De oare goal waard makke troch Marten.

Nije tsjinstanner
Noch nea earder spile SDS 1 tsjin HZVV. Op de webside fan HZVV kinne jimme in foarbeskouwing lêze fan de webmaster fan HZVV fan dizze wedstriid (klik hjir).

Gjin nije sokken
Moarn soenen de nije SDS-sokken te krijen wêze. Jammer genôch binne sy noch net klear. Wannear sy al klear binne is noch net dúdlik mar jim kinne it hjir fêst lêse.

Skoalleseize-nijs
Tongersdeitejun binne wer in oantal vrywilligers dwaande west op ‘e Skoalleseize. Sa binne we op it B fjild oant graven west om it fjild droeger te krijen. De drains woene net goed rinne omdat er in dikke hurde laag boppe siet. Dizze is der of helle en der is san foar yn ’t plak kommen. No mar hope dat it yn ‘e hoeke van de berging droeger wurd en bliuwt.
Bestjoer “Skoalleseize”



Miskien letter noch mear nijs!