Nije trainer (14)

Opstellingen sneon SDS 1 en 2.
12 december 2003
Alles ôflast.
13 december 2003

Der binne wer nije ûntwikkelingen oangeande de nije trainer. Wy moatte ús listje wer wat bystelle. Dizze wike hienen wy Wichard Deinum fan de list helle. Dizze kin der hjoed wol wer op. Juster hat hy in proeftraining joen. Hy hat juster bewezen dat je op in striemin fjild net traine kinne. Mei in oere wie der klear. Syn baas belle noch dat hy in aardiche krystgratifikaasje kriget. Wichard hat hjirop beslúten om folgend jier foar heal jild SDS 1 wol traine te wollen. Wy skriuwe him der wer by.

Mocht der op ús listje net in trainer foar it earste bysitte dan sit der miskien ien by foar SDS A1. Omdat Robert Hoekstra hjir folgend jier mei stoppet, hawwe wy hjir ek ien foar noadich.

Hjirûnder it hiele listje:
* Lykle Bleekveld ( no Ouwe Syl)
* Johnny Nota (no Zeerobben)
* Wichard Deinum (no spiler SDS 1)
* Andre Onclin (no Heerenveense Boys)
* Hank Hornstra (no Workum)
* Gerlof Gerlofsma (no Tsjom)
* Riemer Kooistra (no Broekster Boys)
* Klaas Dijkstra (no CSL)
* Sjoerd Jan Eppinga (no Harkemase Boys 1)
* Roel Hoogeveen (no Balk)
* Gerlof Kootstra (no Opeinde)
* Eric Schuitemaker (no Creil)
* Johan Neeskens (no NEC)
* Rene VanderEyken (Twente)

Wa moat it fan jim wurde? Der binne fêst noch mear gegadigden. Mail it ús!