Wepperkes -tiisdei-
31 mei 2005Ôfskiedswedstriid Wichard Deinum!
1 juni 2005Ús eigen “Hinne Bokma”, Sjoerd van Beem hat sneon hiel wat foto’s makke. Hjir diel 2.
Jan, Nanny, Lolke, Anne en Marco skûlje yn de kantine foar it moaie waar.
Ek mei syn seare knibbel wie Samme yn steat om SDS 2 oan te moedigjen. Hy hie miskien sels flagje kinnen oan de kruk te sjen.
Mei dat waarme waar moat je sa ’n 3 liter wetter drinke neffens Gerrit Terpstra. Oer al dat hop en mout wat je dêrby binnen krije waard net praten!
…………..en júst fan dat hop en mout moat je safolle pisje….
Der wienen brûken yn ferskeidene lengtes.
Klaas oerleit mei de skeids wa as de penaltys it beste nimme kinne…………..
Willem en Samme krigen beide in “Jumbo”-pakketsje. Willem om ’t hy stoppet as leider en Samme om ’t hy stoppet mei flagjen. Klaas giet wol troch mar hie ek wol in pakketsje hawwe wollen.
Yn Erica kamen wy ek noch in âld-SDS’er tsjin. It wie âld-trainer Gerlof-Jan Sloterdijk. Hy fuotballe by de feteranen fan Rood-Geel. Sy waarden 3e by de âldsjes.
Letter fan ‘wike kinne jimme hjir noch foto’s ferwachtsje fan ús oare fotograaf…………….