Ôfskiedswedstriid Wichard Deinum!

Mear foto’s út Erica!
31 mei 2005
Lêste fotos nei Erica…
1 juni 2005

Nei skoften yn it 1e fan SDS fuotballe te hawwen nimt Wichard Deinum op syn 37e dan echt ôfskied fan SDS 1. Hy giet kommend seizoen yn in leger âlvetal fuotbaljen.

Om ’t Wichard sa lang yn it 1e fuotballe hat wurdt der kommende freed in ôfskiedswedstriid foar him organiseare. Dizze wedstriid sil gean tusken in team gearstald troch Wichard sels(mei toppers fan no en út it ferline) en it 1e âlvetal fan no. Alle trainers fan wa as Wichard trainen hân hat sil ek oanwêzich wêze.

De wedstriid begjint freed om 19.00 oere op ‘e Skoalleseize. Fansels is eltsenien wolkom om hjirby oanwêzich te wêzen.


Soe it dan freed echt de lêste kear wêze dat Wichard fuotballet yn SDS 1 of sil der eltsenien noch 1x  fernuverje?