Wepperkes -tiisdei-

"Lytse" Robert is 30 wurden!
30 mei 2005
Mear foto’s út Erica!
31 mei 2005

De Treffer
Kommende freed komt de lêste Treffer fan dit seizoen út. Mei fansels de lêste standen, oersichten en ferslaggen. Boppedat krije wy antwurden op de folgende fragen:

  • Wa makket Feite syn fuotbalskuon skjin?
  • Hoe faak waard Wichard kampioen mei SDS 1
  • Hinget Kees syn fuotbalskuon echt yn de wylgen
  • Wa fynt James Bond leuker as fuotbal?
  • Sjogge wy Dirk Yde noch ris yn in rokje?

Doelpunten
Mei tank oan Klaas Pompstra hawwe wy wer in kreas oersicht krigen mei doelpunten. Konkluuzje: der is aardich minder skoord dan ferline jier.

Kransen
Der binne minsken dy binne no al dwaande mei it kransen klassemint. Sa krigen wy in reaksje fan de James Bond fan fan Easterein: “nog maar even wachtsje want wy hebben trije kransen dus…

 
Binne dat dizze 3 ?

Degradeart er hjoed in Wommelser?
De Wommelser fuotballers binne ek dit jier wer tige suksesfol bij SDS. Der binne ek Wommelser fuotballers dy sykje harren heil (of ûnheil) earne oars. Soe ien dêr fan tiisdei al degradeare? It antwurd is ja. Ate Feike de Boer is myn syn ploech Nijlân degradeard. Dat fine wy spitich en wy fan SDS fiele
 ús suver in bytsje skuldich. Want at Nijlân dy wedstryd út tsjin SDS  net ûnterjochte ferlern hie, dan…….. Eksuses dêrfoar dus.

Jierferslach SDS C1
Klaas Pompstra makket him net allinne drok oer doelpunten, VV Nijlân en de webside fan de KF Easterein, mar ek oer SDS C1. Klik
hjir foar alle ferslagen fan SDS C1 fan dit seizoen mei in spesjaal ôfslútingswurd oer it hiele seizoen fan Klaas.

Froulju en Stefan……
Fan ‘e wike kaam der in heechblonde frou by Sefan van Krimpen yn de garaazje. Sy wie iets kwyt fan ‘e auto. Sy hawwe der skoften om sykje moatten. Klik hjir foar syn ferslach.