Fan herte lokwinske!

SDS-League: ‘Onana Clean Sheet’ pakt alwer in wykpriis!
5 mei 2021
SDS op syk nei in fersoarger
9 mei 2021

Troch de Koronamaatregels sjogge wy mekoar net folle en heare wy nijtsjes somtiden wolris wat letter.
By dizze wolle wy noch efkes wat SDS’ers yn it sintsje sette y.f.m. útienrinnende feestdagen.

Lokwinske!

Robert Sijbesma fan SDS 5 en Wiepkje Hiemstra binne ferline wike yn it houliksboatsje stapt. Fan herte lokwinske!

Lokwinske!

Ien fan ús topfrijwilligers Klaas de Haan is mei de FUT gien en mei genietsje fan syn wolfertsjinne frije tiid. Fan herte lokwinske!

Lokwinske!

Doede-Douwe Koopmans fan SDS 5 en syn freondinne Froukje Breeuwsma hawwe op 11 maart in lytse poppe krigen; Fardau-Sietske. Fan herte lokwinske!

Lokwinske!

Harmke van der Werf fan SDS Vr.1 hat it boek Kampioensouders skreaun wat no te krijen is by û.o. Van der Velde yn Wommels. Fan herte lokwinske!

Lokwinske!

Ferline wike waarden ‘Onze mannen in het rood en wit’, Ajax, kampioen yn de Eredivisie! Hjirby wolle wy Ajax en alle Ajax-supporters noch fen herte lokwinskje en yn it spesjaal de flagger fan SDS 5 Daan ‘Loewietje’ Boersma. Lokwinske!

Lokwinske!

Matthijs Postma fan SDS 1 is hjoed jierdei. Fan herte lokwinske!

Lokwinske!

SDS-topskoorder fan alle tiden Jappie Wijnia wie 4 maaie jierdei. Noch fan herte lokwinske!

Lokwinske!

Sjoerd Rispens, Hendrik de Jong en Bote Strikwerda gienen der as ‘De laffe herders’ mei de 1e priis fan troch yn de SDS-online-pubkwis. It 2e plak waard dield troch Syb Overal, Akke-Rixt Zijsling mei Pieter Kamstra, Jesse van der Weide en Dirk de Jong mei Marten Faber en Jetske Sieperda. De nûmers 1 hawwe juster in prachtige SDS-trui krigen en de nûmers 2 in prachtige SDS-paraplu. Ek te brûken as parasol…… Fan herte lokwinske!

Mochten wy noch ien fergetten wêze lit it ús dan witte fia info@vv-sds.nl!