SDS JO13-2 troch yn de seal!
31 december 2016Sneon SDS-sealtoernoai foar JO15 en JO17! Jou dy no op!
4 januari 2017De alderbeste winsken!
Wy winskje jim allegear it alderbeste foar 2017!
Anne wer by SDS!
Anne Stenekes hat him wer oanmelden by SDS. Twa seizoenen hat hy by vv Scharnegoutum fuotballe en dêrnei hat hy in heal jier de fuotbalskuon (net al te heech) yn de wylgen smiten. It kribele noch altiten by Anne en hat him no wer by SDS oanmelden. Hy is sa fit as wat en hy sil sneon by it fuotbalmikstoernoai foar de nijjierssit sjen litte wat hy allegear leard hat by Scharnegoutum.
SDS 1 sil wer traine
SDS 1 begjint moarn wer mei de earste training. Sy traine om 20.15 oere.
Fuotbalmikstoernoai no al grut súkses!
Dait it fuotbalmikstoernoai foar de nijjierssit sneon in grut súkses wurdt mei wol dúdlik wêze. Mar leafst 86 man/frou hat him/har opjûn!!
Kaarters
Der binne ek al in stik of 10 kaarters foar sneon. Hjir kinne noch wol in pear by. Jou it oan ús troch!
Net mear koppe?
Nei de keunstgerskorrels stiet no it koppen by jonge spilers faai. Yn Amearika is der allerhande ûndersyk nei dien en dêrby binne sy der efter kaam dat it by jonge bern geheugenskade jaan kin. By de jongste jeugd hawwe sy dêr dan ek it koppen ferbean. It is no wachtsjen op it ûndersyk dat de pealen te hurd binne, in flagger better sûnder stok flagje kin en dat wy better sêfte boarding rûn it fjild hawwe kinne. De helm wurdt dan heechstwierskynlik ek ferplicht…… (sjoch ek hjir).
Kantine skjinmeitsje
Woansdei krijt de kantine c.q. it ferieningsgebou wer syn jierlijkse skjinmakbeurt. Dit is fanôf 8.00 oere. It soe moai wêze as ferskeidene leden fan de ferskeidene ferienings efkes komme te helpen. Alle help is wolkom en mei wat minsken is it samar klear. Je hoefe je net op te jaan, mar it mei altiten. Dit kin fia marlousvantuinen@outlook.com. Kom ek! De kofje stiet klear!
Harsens derby (1814)
De moaiste goal fan 2017 is juster al makke………….