De lêste lifterkes foar de race
1 januari 2006Wepperkes -tiisdei-
2 januari 2006 1 jannewaris, krekt foar healwei twa oere binne de 14 lifters bij Jimbar yn Wommels fuortgien. Wijd en Zijd 13.35 SMS: Teade en Klaas 13.50 SMS: Tjitte Jelle en Gert Jan H. 14.00 Mail fan Anna-Marie Wijnia 14.15 SMS Tjitte Jelle en Gert Jan H. 14.35 Mail fan Hinne Bokma 14.55 SMS Tjitte Jelle en Gert Jan H. 15.05 SMS Tsjeard en Niels 15.45 SMS Tjitte Jelle en Gert Jan H. 16.00 Mail fan Gerben 16.46 SMS Jan en Sjoerd 17.06 SMS Tsjeard en Niels 17.10 SMS Bram en Beitske 17.12 SMS Gert Jan H en Tjitte Jelle 17.40 SMS Jan en Sjoerd 18.00 Mail fan Tom en Janneke 18.05 Mail fan famylje Talsma 18.15 SMS Klaas en Teade (pas om 22.00 oere krigen) 18.33 SMS Tsjeard en Niels 19.05 SMS Bram en Beitske 20.28 SMS Gertjan H. en Tjitte Jelle 21.05 SMS Bram en Beitske 22.10 SMS Gertjan H. en Tjitte Jelle 22.20 SMS Niels en Tsjeard 22.25 SMS Teade en Klaas 22.34 SMS Teade en Klaas 23.58 SMS Jan en Sjoerd en Frans Piter en Gert Jan B. 00.25 SMS fan Wybren en Namkje 00.50 Mail mei foto fan Polizei 00.30 In knikkeboljende wepmaster It wurdt tiid om te sliepen. Moarn betiid wer nijs! 08.20 Mail fan Janneke 09.25 SMS fan Wybren en Namkje 10.30 SMS Tsjeard en Niels 10.35 Mail fan Jan Egbert Krikken, dielnimmer fan 2002 en húsgenoat Tsjeard 11.14 SMS fan Tjitte Jelle en Gertjan H. 11.30 Mail fan Marja Graafsma (freondinne fan Gertjan H. en dielnimster yn 2004 en 2005) 13.15 SMS Tsjeard en Niels 13.18 Mail Tsjeard en Niels Wa’t nijs hat oer dizze “fermiste”stellen kin ús berjocht dwaan. 14.10 SMS fan Gertjan H en Tjitte J. 14.30 Mail fan Gerrit Koudenburg
Ferrassend wie dat op it lêste momint noch twa lifterkes harren melden. Janneke de Boer en Tom Wijnia hiene de koffer al mei. Gelokkich koene de âlders noch op tiid yngripe mei twa lollys.
De regionale parse hie ek dit jier wer belangstelling foar de liftwedstryd. Diggelfjoer, Op é Skille, Fotoparseburo Jaring Rispens en Wijd en Zijd. Yn de lêste krante stie dizze (skande)foto.
Liftke oan de Dútse Grins
Soe dizze koffer it geheim wêze?
Boalsert – Heerenveen
Frans Piter en Gertjan Br. hawwe krekt in lift krigen bij Wommels
Heerenveen- Groningen
Bram en Beitske krije in lift
14.45 Mail fan HarmJan Groenhof
Wybren en Namkje sitte tusken Grins en Dútske grins
Groningen- Scheemda
Hmm, sjit net echt op mei it team mei de debutant, hawwe no in lift fan Snits nei Heerenveen
Scheemda-Osnabruck
Wij hawwe Tsjeard en Niels krekt ofsetten bij de A7 foarbij Grins
Opm. Aant :at je dêr tanke wolle, hoege je net lang te wachtsjen sa te sjen, at je in lift ha wolle moatte je wol lang wachtsje
Hoi Aant Laden, Wij binne oer 40 km bij Bremen
Fryslân út , Nederlân noch net. Wol machtige liften hân.
150 km fan Hamburg. Dêr binne wij om 7 oere. Giet leuk, hot en flot. Mazzel.
(Opm. Aant: Bram is foar it earst yn it bûtenlân en yn Dútslân al entoesjast. Dat beloofd wat foar oare lannen)
Rjochting Berlin. Machtich doe’t de freondin fuort wie (fan wa’t wij net mei mochten) liet hij ús deryn. Moai gesicht doe’t hja weromkaam fan é wc.
(Opm. Aant: net steure yn in gelokkich houlik mannen)
Wij zitten nu in de auto met Frans P en Gert J. Hebben een lift van een bekende naar Hamburg.
(Opm. Aant: Hoe is it mooglik, dat je mei oare lifters yn ien auto sitte, en dat je soks wolle!)
Wij lizze op skema, binne no foarbij de Warntille. We
ha besletten ús kamp hjir mar op te slaan… Tis hjir
hiel kald! leker keose.
(Opmerking Aant: foar de earste kear is dit fansels al in moai begjin)
Niels en Tsjeard hawwe in lift nei Hamburg.
Hey Aant, checkpoit Charley. Braunsweig. We sitte yn in âld vw bus. sûnder kilometerteller en dy riidt as in trekker. Hij frege sels at wij mei woene. Ideaal
We prate Frysk, sjogge in hearrefean sjurt . En dogge it rêstich oan. Krekt as de tsien kilometer op it iis.
(Opm. Aant: dit liket mij in fryske frachtauto dy’t in frachtje bestelauto’s werom hellet út Poalen)
We binne yn Hamburg. De beste man set ús no bij de goeie dyk. We geane no troch it moaie sintrum.
(Opm. Aant: Moai dat se dêr ek each foar hawwe)
19.52 Berjocht fan Harmjan Groenhof
Wybren en Namkje sitte no yn Berlin
(Opm. Aant: Nei it sukses fan ferline jier, hawwe se no al in saakwaarnimmer)
Meppen Enschede. Ferkearde keuzes makke, bytsje jammer. No op in kansleas parkearterrein.
(Opm. Aant: L Is it dan dochs wier dat Gertjan H. mear ferstân hat fan bospaden)
Wij binne yn Lubeck. Dêr sitte wij no yn in hotel. De koalysje hie tige slagge liften, super aardige minsken, Jan Peter groet u.
(Opmerking Aant: it liket ús sa ta dat dit wol in hiele alternative route is , it kin, mar it is de fraach at dit de winnende route wêze kin. 9 oere al in hotel yn, is fansels prachtich mar wol wat betiid. Hopenlik sette se de wekker wol.
Enschede- Falun (tusken Hamburg en Berlin). Lekker waarm yn kabine frachtauto
(Opm. Aant: Leuk: Falun, neffens myn gegevens leit dat yn Sweden. Giet it wol goed? Of soe it oars hiete. Wa helpt mij?
Wir sind metgenommen worden von ein segeant vom bundeswehr nach Poalen, aber es fahrt viel besser glech 60 jahre zurúck.
(opm. Aant: tige ferûntrêstend dat harren Dúts sa goed is)
Wij geane rjochting Poalske grins.
(opm. Aant: prima idee, hooplik dogge se dat allegear hjoed of moarn)
Wij hawwe in lift nei Berlin. Geane moarn de grins oer, ús sjoffeur hannelt in protte mei Poalen en jout ús de rie om nachts Poalen net yn te gean.
(opm. Aant: Alie en Fokje jim hawwe ferstannige soannen, dy harkje tenminste nei de wize wurden dy’t mem fan te foaren sein hat)
22.47 Mail fan Willem Wijnia
Is ûnderweis nei de Warntille om Tom en Janneke foar te lêzen út “Jentsje en syn auto”. Se kinne de sliep net krije.
23.30 SMS Tsjeard en Niels
Hawwe in moai plakje yn in frachtwein. sitte sa’n 2 oeren foar Berlin, der moatte wij der út. De highway te Hel is lang.
Wij pakke in bierke yn: a. Diemen-zuid, b. Barneveld. c. Hoek van Holland of d in oar plak.
(opm Aant: Ik tink yn Deinbar yn Berlyn)
Nei twa liften fan de polizei binne wij de Poalske grins oer rûn. Wij leauwe dat de rest it lân yn it tsjuster net yndoart. Wat is der mis mei de polonaisen. Op nei Poznan.
I´m one of the two police officers (motorway police) who gave Wybren & Namkje a lift to the polish border.
It´s an interesting contest and we hope they will win.
Good Luck to them.
CU next time
Beitske en Bram allang yn dreamelân yn Lubeck…..
Teade en Klaas yn Berlin op de R…. bahn…
Sjoerd en Jan yn Deinbar oan de pimpel
Gertjan B. en Frans Piter yn Deinbar oan de oare pimpel
Tsjeard en Niels sukkelje yn sliep yn in frachtauto
Gertjan H. en Tjitte Jelle ûnderweis nei Berlin
Wybren en Namkje yn Poalen
en Janneke en Tom sliepe ûnderwilens ek
02.26 SMS Tsjeard en Niels
Wij stake en lizze ús holle op de tafel yn dit kroechje. Moarn betiid binne wij wer fan é partij. Meie wij dan in update fan elk team.?
04.20 SMS Tjitte Jelle en Gertjan H.
Hamburg – Berlin yn in touringkar.
05.00 SMS Wybren en Namkje
Soad liften, soad kâlde teannen, soad opstutsen tommen nei trochriden sjoffeurs, soad oeren al bij Poznan.
(Opm. Aant: dan is it noch 400 kilometer nei Hel)
05.48 SMS Tsjeard en Niels
Goeiemoarn elkenien, heechste tiid, team Hofstra/Postma is der wer klear foar, iets foar Berlin begjinne wij oan ús lêste etappe
06.15 Mail en SMS fan Tsjeard en Niels
Team Hofstra /Postma is nei in koarte gearkomst mei Gertjan en Tjitte Jelle wer yn beweging
Ja, we ha wiislik besletten om skeiden fjirder te
gean. Ik stean op it punt in rjochtstreekse lift te
krijen nei Berlin. In alde hippie mei syn wiif nimme
mij mei… Letter mear.
Opm Aant: Spitich dat dit talintfolle duo net tegearre fierder kin
09.20 SMS fan Klaas en Teade
Op nei Potznan. Plus bekeuring fan polizei mar wol in lift nei in útstoarn parkplatz. We gean no mei in âld poalsk stel de grins oer. Dnen dobro
It is hjir machtich moai, wite snieheuvels. We ride wer. Hope mei noch ien folgende lift de foet fan it helse woarmfoarmichoanhingsel te berikken.
Bus fol tsjerkegongers, geweldadige film, kutdiken, apk fan 1963, maar “bij nood ramen inslaan”. Ha,ha wat in lân.
Ik lees net dat de internationale liftduim in Polen niet begrepen wordt. In Polen moet je je hele lichaam in de strijd gooien. Wil jij als supporter jouw favoriete koppel een handje helpen? Geef dan de volgende tip door:
midden op de weg gaan staan en zwaaien maar! Smile and wave boys, just smile and wave.
Fan West nei East Berlin. Hege muorre trouwens.
Hoi hoi!
Fantastisch om de verhalen van alle lifters op afstand te volgen. Kan de spanning bijna voelen;-)
Ik krijg net bericht vanuit Berlijn. GJ en TJ zijn hier gestrand en het wil nog niet echt lukken om een lift te krijgen. Gertjan smst: ‘We wolle nei de Hel!’ tot dusver wil dat dus nog niet echt slagen……
Hij kan wel een krupke gebruiken zegt ie, dus mocht iemand hem tegen komen onderweg;-)
Lifterstip: soargje datst de Poal mei wa ast kommuniseare kinst, foar dy in lift regelt.
(opm. Aant: echt praat fan twa kommunikaasjestudinten)
Fanôf Berlin in lift hân nei de Poalske grins mei in Dúts Poalsk stel. Bij de grins ûntduts Niels dat in goede tarissing net helpt at je krekt foar it fuortgean de tas wikselje . Syn soarchfâldich ynpakte paspoort sit noch yn de tas dy’t thús stiet. Nei 20 minuten bij it grinskantoar en 25 euro fierder dochs noch in needpaspoort krigen.
Yn it grinskantoar regele Monica in lift foar ús mei in touringkar, dy’t aardich ús rjochting op giet.
Skatte tiid fan oankommen yn Hel : 00.00 oere.
Opm. Aant: it paspoort fergetten? In begjinnersflater! En dat mei in reislieder dy’t yn it sâlt bebiten is
Fraach: Werom heare wij neat fan Sjoerd en Jan (noch yn Deinbar?) , fan Bram en Beitske (hawwe dy in twa deistige B&B boekt) en fan Gertjan B en Frans Piter (gjin beltegoed?)
Wij haw best in ein rûn troch in lân. 1.5 oeren. No lekker waarm iten. 70 kilometer fan Stettin. Binne der al minsken oan?
(Opm. Aant: Der is noch nimmen oan, mar om no troch it lân te rinnen is ek wol wat. Binne der gjin bospaden? Of sitte jim op in hynder. Jim moatte noch 450 kilometer, dus it is noch wol wat te betiid foar de loftrompet
14.15 SMS Jan en Sjoerd (eindelik)
Yes, Wij ha in lift nei Diemen Noard. En hast do it nummer fan Rafael en Sylvia ek. Groetnis Corry en de Rekels.
Opm. Aant: Wij mienden dat se al yn Berlyn wiene, dat skynt dus Hamburg west te hawwen. It nummer fan Rafael en Sylvia haw ik wol, mar Rafael is thús, dus dat sjit net op. It liket er op dat broerke Bram it net minder docht.
(Opm Aant: Neffens ûnbefestigde berjochten binne sij te plak?
14.45 SMS fan Tsjeard en Niels
Binne N en W al oan?
Opm. Aant: soe it net witte. Sy hawwe harren net meld. Mar it boppesteande mailtsje soe wat suggereare kinne.
15.25 Mail fan Sytze Jorritsma
Opm. Aant: wij meitsje ús noch net ûngerêst, haw in soad fertrouen yn hippie’s. Tink dat se noch efkes oer de blommenmerk binne foar de flower power jûn in Berlyn
Stettin
opm. Aant: se wurde wol wat koart fan stof, noch 399 kilometer
16.45 Tillefoan Sjoukje Koudenburg (sus fan)
Wybren en Namkje lizze te pitten. Sij mienden dat se berjocht dien hiene : om 13.30 oere binne se oankommen. Sij binne de winners want sij binne yn :
Opm. Aant: Serdeczne zyczenia. (fan herte lokwinske)
De ienigen dy’t de hiele nacht troch gien binne, hawwe it doel berikt yn 24 oeren.
Wij binne benijd wa’t noch mear op it podium komt
16.31 SMS fan Bram en Beitske
Aant, we hiene wol faker smst, mar dy binne dus net oan kaam hearde ik fan Paul. We binne no yn de middel of nowhere. Mar wol rjochting Stettin.
opm. Aant: bliid dat wij fan it Bêd en Breakfast team ek wer wat heard ha. Bij Stettin rjocht troch en noch 399 kilometer.
16.50 SMS fan Klaas en Teade
Goeie minsken, wij sitte yn sczeszenie of sa en dogge ús bêst om yn Slupsk te kommen . It nije motto is: jo binne faaks te foarsichtich.
Wij geane no nei Berlin, wêr wij stoenen koe net. Dêr sjogge wij fierder. Of hotel, of …….
17.10 SMS Jan en Sjoerd
Hee, bin Hofstra! We sitte al oan in pizza yn Hamburg, of wie it no in hamburger in Pisa.
Opm. Aant: mar goed dat Dagobert jim omke is, en jim sponsert, oars koe dit fansels net. Mei 4 man krije jim ek net samar in lift liket mij. Is der net immen bij dy’t in bytsje neitinkt?
Wij binne der!! Sjoch foto. F.l.n.r. Niels en Tsjeard
Opm. Aant: Moai dien soan! Moai dien Niels. Jim sjogge wol wat kâld.
Hoi Aant! We binne hast yn Stupsk. Noard Poalen. Hoe is t mei de rest.
Opm. Aant: Dy sliepe, dy binne oan it opwarmjen, dy sitte oan de pizza, dy sitte oan de hamburger of dy rinne lâns de dyk
18.45 Tillefoan Tsjeard
Alles goed yn Hel. Utstoarne dyk it lêste ein.
19.00 Berjocht fan Tjitte Jelle en Gertjan H.
Sy hawwe in lift nei Gdansk. Sij hoopje jûn ek noch oan te kommen.
Opm. Aant: bin benijd at sij nr 3 wurde of team Klaas en Teade
19.05 SMS Klaas en Teade
Tige tank foar de ynfo. Wij stappe daalk yn nei Lebork.
At jim witte wolle wêr’t Namkje, Wybren, Tsjeard en Niels no sitte dan kinne jim hjir sjen.
19.15 Rekord
Noch nea wiene der safolle besikers op ien dei op dizze side. Ferline jier tidens de liftwedstryd hellen wij 1143. Wij sitte no op 1141. En dat mei noch hast 5 oeren te gean. Dat docht ús goed.
19.30 Mail fan Heiko Kruger
Congratulation for the winners !!!
The motorway-police from Germany (Brandenburg/ Frankfurt(O) !!!
20.30 Mail fan Henk Postma – de heitie fan Niels
20.45 SMS – Paul Reitsma, de wurdfierder fan B&B
Brambix en Beitske nimme fanút Berlyn de nachttrein nei Gdansk dizze reis duorret 8 oeren. ‘kin ik moai de Elsevier efkes leze!’ aldus Bram
21.00 Mail fan Hendrik Eringa Spannum
Opm. Aant: Do sjochst de details altiten gelyk Ozzy
21.05 Aant
Wij rekkenje der op dat er jûn noch twa teams binnenkomme. Bliuw it dus folgen, want ek sij wolle graach “hantsjeklappen”
21.20 SMS fan Sjoerd of sa
He Aant, wat is bidden yn it Dúts want danke dat kinne wij no wol.? Wêr leit Poalen ûberhaupt?
a. immer gerade aus
b. keine ahnung
c. unter dem linden
d. zum bijspiel
heidi klum,claudia schiffer, anna kournikova en sugarlee hooper.
Oh ja, wa it antwurd goed hat makket kâns op in presintsje
opm. Aant: Is der net in dokter yn Hamburg? Wat hat er yn dy pizza sitten? Kinne sij ein fan de wike ek opfongen wurde yn de fûgelpits fan Gaatske Wiersma? Of hat immen in oar idee?
21.30 Mail fan Jan van Asselt
Opm. Aant: tige tank, wij dogge it mei nocht en wille
22.00 SMS fan Klaas en Teade
Opm. Aant: Fan herte Klaas en Teade en in bierke hawwe jim seker fertsjinne
23.20 Mail fan Dietmar (in sjoffeur fan Wybren en Namkje)
Hello,
hope to see more pics from the lifters/ hitch-hikers in the Captain Morgan bar.
Would like to see you all again to the world championship final
Germany-Netherlands.
It was a great idea and it´s now a topic on my website: www.kaske.de
Opm.Aant: seker de muoite wurdich om efkes op dy side te sjen. Dizze man hat in leuk ferhaaltsje makke oer it liften mei fansels Wybren en Namkje yn de haadrol.
Hij hat Tom krekt bij de Warntille weihelle. Koe sûnder Janneke gjin lift krije. Docht folgend jier wer mei , mei oare freondinne.
24.00 Bedtiid
Moarn wer oan it wurk.
Naar Gdynia in touringkar. Toppie
Gdynia – Hel ( mei in âld bus)
Gertjan H en Tjitte Jelle binne der ek.
Wij binne der. Jaaaaahoooooooeeeeee
Do wizenia.
opm. Aant: de debutantenpriis is foar harren
13.00 SMS de evangelisten
He Aant, wij ha lêst fan:
a. Kosakov
b. klamme kontschurft
c. geelzucht
d. oars nammentlik in goed rjochtingsgefoel!
Matheus, Marcus, Lucas, Johannes.
In gemis oan trochsettingsfermogen, insjoch, inset, taktysk fernuft en ierdrykskunde hie ek kind.
13.05 Mail fan Aly de Boer, mem fan Teade en beppe fan Janneke
Toen ik gisteravond een smsje van Teade kreeg dat ze “te plak” waren, waren we toch wel blij dat te horen.
“de goede raad van mem” heeft er wel toegeleid dat je dan dus geen winnaar bent!
Wat Janneke betreft zal goede raad van beppe niet ter harte genomen worden denk ik, want zij gaat nu al haar eigen gang zelfs zonder haar maatje, dit kan nog wat worden voor de hippies!!! Waar zou ze dit toch van hebben?
Gisteravond heb ik nog een berichtje gekregen dat ze in een mooi vakantiehuis ln de buurt van Rostock lekker lag te slapen en vrijdag weer naar Wommels terug zal komen.
Hartstikke bedankt en ik zal ook voor de laatste koppels de site volgen.
Opm Aant: Tige tank. Der binne no al lûden oer in liftwedstryd foar entoesjaste âlders. Ik ha de namme opskreaun.
13.05 Mail fan Marja Graafsma
Misschien is het inmiddels al oud nieuws maar
Gertjan en Tjitte Jelle hebben de Hel bereikt!
Mijn complimenten voor de site. Na een jaar de liftwedstrijd te hebben gevolgd via de site, denk ik dat ik volgend jaar toch maar weer deelnemer wordt ipv toeschouwer;-)
Bedankt! Groetjes Marja
17.25 Mail fan Jaring Rispens (spytoptant)
Opm. Aant.: No begryp ik werom der gjin foto’s fan it liften op dyn side stean stean. (der steane trouwens wol in protte oare moaie foto’s op ) Liket mij goed datst wer meidochst takem jier.
17.30 Mail fan de kwismasters
He Aant, wij binne oankaam……..
a. 4 kilo ,b. remen c. uracao
d.usseldorf e.dens k.aapstad
Mar hoe? Troch de magyske v’s oftewol vlot, vleantúch, viets.
Opm Aant: der juster iets yn de krante oer it rekkenjen fan oansteande skoalmasters, bedoelden se miskien taal?
18.45 SMS fan Tsjeard en Niels
Hjirbij wolle wij noch efkes in knipeach dwaan oan Jouke. Dit wie ús Fryske Heiploeglift fan Scheemda nei Hamburg. Hij foarsij dat wij pas woansdei om 13.00 oereoankomme soene, nou sorry Jouke it wiene de 28 oeren dy’t wij foarsein hiene. Groetnis
19.00 SMS fan Wybren en Namkje
Se ha hjir ek kleurebylden. Ik toch dat alles hjir swart wyt wie.
Efkes noch in statistykje: Wij binne hjir yn mei 17 liften kaam.
Hoe giet it mei dy 4 klini klowns? de jonkjes.
Opm Aant: Der binne tink ik in 4 tal redenen wêrom dit mis gien is:
1. Se soene sels ek gjin lifters meinimme dus woene se in oar ek net freegje
2. Se woene it nij Dútske rekord klaverjassen ferbrekke.
3. Se hawwe lêst fan hechtingsdrang
4. Se meie jim net lije.
21.05 Mail fan Willem Wijnia
Ik miende dat Hel in ferskriklik plak wie mar neffens my hie AC/DC dochs gelyk. Sjoch hjir mar foar de tekst:
http://acdc-lyrics.wonderlyrics.com/Hell-Ain’t-A-Bad-Place-To-Be.html
21.10 SMS fan Tsjeard
Wat binne de nammen fan dy âlden dy’t tinke ek mei te liften? Ald fan Wommels nei Waddixveen en jong nei Praag en werom nei Waddixveen? Leuk!! Ha ha. Machtich hjir
21.15 SMS fan Wybren
He Aant efkes efter de PC wei? We dogge elkenien de groeten út Hel. Maare, takom jier alternatieve striid tusken âlders?
Opm Aant: Tsjonge, jonge. jim sjogge stevige konkurinten seker. Net drok om meitsje, giet wol wer oer. In pear kâlde dagen …
Ik bin yndie no efkes de PC wei. Moat iepeningswurd noch betinke foar de fuotbalkenniskwis bij SDS. Fyts efkes it doarp troch en dan haw ik it.
21.20 Mail fan Jouke Bosma
niels en tsjeard goed gedaan had ik ook wel verwacht hoor!! maar nu nog terug naar wommels haha suc^6 verder groeten jouke (chauffeur heiploeg)
Wij binne yn stee.
a. Ljouwert b.erlin c.asablanca d. ublin
Opm. Aant: Wolkom yn Fryslân
23.20 SMS fan Sjoerd
Dankjewol. Wat is it hjir moai….. Wij binne “gedesillusioneerd”mar we ha toch ek in moaie tiid hân.
11.20 SMS fan Tsjeard
Justerjûn Jimbar gelyk! Tjitte Jelle op de piano, Teade op de trompet! De kroechtoppers binne allegear foarbij kommen. Lekker koest mei it Fryske folksliet yn’e holle.
13.15 Mail fan allegear
Twa kear waarm iten en smoor: 25 euro. Wij bliuwe hjir. Hel is fantastisch.
14.00 SMS fan Jelke Holtrop neef fan Tsjeard
“De ein fan elke reis is it paad werom” fan Piter Wilkens draai ik foar jim.
17.00 SMS fan allegear
Hoi Aant, de lifters sitte yn de trein. Gean fannacht nei Berlin. Dêr wat bierkes en fierder sjen. We sjogge dêr wol hoe en wat
22.30 De bus
De 10 lifters dy’t Hel helle hawwe, binne werom yn Wommels. Yn Jimbar wurdt noch efkes neipraten. Prachtige ferhalen oer minsken dy’t se moete hawwe. Oer de freeslike Poalske taal, oer it foaroardiel wat se hiene oer de Poalen en wat net terjochte wie, oer de swiere tocht, oer it goedkeape bier en iten en oer de trein dy’t noch opstookt waard mei koalen.
“De moaiste mar ek swierste tocht oant no ta”, sa wie it algemiene oardiel.
Mar wêr is Janneke?
Tiisdei krigen wij de melding dat Janneke troch 2 hippies meinommen wie foar in lift nei Berlin. Lange tiid hearden wij neat mear. In ûngerêste oppasmem en in ûngereste beppe openearden harren. Wij krigen krekt in foto’s fan Janneke binnen dy’t bij Berlin yn de snie stie te liften. Underwilens is ek sij werom op de Terp yn Wommels
Fan wa se dat liften hat?:
Kaske.de is de ynternet side fan in plysjeman dy’t Wybren en Namkje meinommen hie. Op syn eigen side hie hij in fermelding makke oer dizze striid. Der binne al twa reaksjes kommen yn syn “gastenboek” Gerrit en Anneke en Wybren en Namkje litte sjen dat sij goed Dúts kinne.
De Ljouwerter Krante hat ek dit jier wer twa kear in artikeltsje wijden oan de liftwedstryd. Op 3 jannewaris stiet it ûndersteande artikel yn Gehoord en Gezien