Liftdei 2 ein

Liftdei 1 fanof 18.00 oere
29 december 2010
Hast âldjierweppers
30 december 2010

00.11 Jimmy en Sytse

Binnen (1)

0.13 SMS Teade en Sjoerd
Dêr stean we dan… In 24 oeren pomp…onbemand. Mei gemiddeld ien auto yn de oere.

0.15 SMS Sjoerd en Teade
Cést magnifique. Lifte mei Fransman nei rûnwei Bergamo. Aant is der noch kans op folsleine rehabilitaasje?

Opm. Aant: It feit dat jim binnen trije minuten bij in ûnbemand tankstasjon weikomme is al in priis wurdich. 

0.36 Tweet Jaring en Simone
Mei Roel en Mar @ Luzern #10xlifte 
(foto)

0.39 tweet fan Jaring en Simone
Oh, en no mei syn allen in lift fan local Max. 60km fierder! Djoer pakje sigaretten foar unze freund Max

00.48 sms fan Arjen en Wytske
Welkom in Italie. Voordelige tarieven….enz… 

Opm. Aant: noch 93 km. Wa wurdt twadde?

00.54 Aant
Efkes sjen at er hjoed ek oars noch nijs wie. De hiele dei efter de kompjoeter en net nei it oare nijs sjoen. #Liftblyn

NB: ik nim noch ien! Op Jimmy en Sytse

01.00  mail fan Jehannes en Wobkje Hibma
Jimmy en Sytse, lokwinske mei jim taktysk plan om troch Eastenryk te liftsjen, it hat fertúten dien. Wij binne bliid dat jim goed oankommen binne en wij binne tige benijd nei jim ferhalen.
Ek alle oare lifters noch in protte sukses mei it lêste part fan jim reis. It giet mei allegearre sa geweldige rap dat it is somtiden hast net bij te hâlden.
Groetnis en noch in pear moaie dagen (en ek nachten) yn Bergamo e.o. 

01.09 mail fan Jimmy en Sytse
hspace=0

Foto van de eindoverwinning!
De deur gaat (ondanks afspraak) toch sluiten hier, maar wij houden onze voet ertussen tot iedereen binnen is! Ook geen spagethi of piza hier, dus hongerlijden tot morgen vroeg.
Groeten uit Bergamo,
Mario & Luigi

01.15 sms fan Sytse
Hee Aant, bedankt foar de soargen alfêst. En kinsto iederien smse dat der underweis noch bier helle wurde moat. Hjir is alles ticht. Oh ja en in pakje sigaretten foar mij.

01.20 Aant:Top 2000
Whiskey in the jar, Thin Lizzy en ik wachtsje op nû 2.

01.30 Twitter Aant, dy’t wachtet op nû 2
Twitterjen is nachts net folle oan. In tweetdeck mei allegear kolommen en sykwurden mar gjin tweet dy’t binnenkomt #doarteseuren

01.51 SMS Marije en Roelof
We, roelof, Marije, jaring en simone binne stranden foar de gotthard tunnel. It is hjir lekker warm in de lobby en de beerenburg is kald. Sa no en dan komt hjir noch auto langs…

01.55 Tweet fan Sytse
Yn t hostel mei een fleske berenburg de overwinning fiere!!!

2.00 SMS Tsjeard en Beitske
Earst mar in lift. 100 km foar Milano. Wybren en Namkje , Tsjeard en Beitske

2.01 SMS Namkje en Wybren
Mei syn fjouweren in ynkakmomintsje op e fjier fan damestoilet. Wol lekker foarferwaarme

02.14 Arjen en Wytske
yn Bergamo….sûnder tom tom

02.17 Arjen en Wytske

Jaaaaa, binnen   (2)

2.19 Simone  enJaring
2 x lift . Gean sa troch Gothardtunnel

02.31 Sjoerd en Teade

Wij binne der. Moai no……(3)

02.40 Namkje en Wybren Tsjeard en Beitske
Nei totale utstjerring en treast fan in frouljustoilet ride we wer. Op nei de grins yn in auto mei mear romte foar de hûn as us 4en. Hannibal en Napoleon kamen de Alpen makliker oer as wij.

2.42 SMS Namkje
De hûn hat ôfrotten

02.51 SMS Simone en Jaring
Wij tunnelje al in hiel ein. Ha seker lêst fan tunnelfysje

03.16 SMS Roelof en Marije
Wij sille efkes in pear auto ûnderdielen útsutelje yn Italie.
Efkes bijbeune. Wij komme der oan.

03.23 SMS Simone en Jaring
Lift nei tankstasjon foar Milaan. Yeah

06.08 Tweet Jaring en Siomne
Team Jaring en Simone oppakt by Milaan. Soe it no dochs wer dreech wurde?
(foto)

06.56 Tweet Jaring en Simone
Lift……. Nei…….. Bergamo! (at it goed is)!

07.21 SMS Roelof en Marije
Wij binne te plak. Efkes  in neut en dan lekker sliepe.

Binnen (4)

07.30 Namkje Wybren Tsjeard Beitske
Healwei 8 oere BTWN oan yn Bergamo. Dreech lêste ein. Mar mei syn fljouweren der trochhinne slein. 10 jier lifte Whiehoeoe

Binnen 5 en 6

8.27 mail famylje Vermeulen
Fanut Kubaard  wolle we earst Sytse en Jimmy lokwinskje mei de oerwinning!
Fuort dernei wolle we ek Wytske en Arjen lokwinskje mei harren sukses: jim blike mar wer in superstel te wezen! Teade en Sjoerd en Roelof en Marije binne ek binnen; de rest noch sterkte tawinske: dat blykt sa no en dan wol nedich te wezen, ast alle ferhalen sa lest.
Meitsje der wat moais fan, de kommende dagen, mar dat is jim wol ta fertroud!
Aant: bedankt foar dyn wiidwreidich ferslach! It wie alle jierren prachtig!
 
Harrie en Anneke Vermeulen


9.00 oere: wij binne allegear yn ôfwachting fan…. Jaring en Simone

9.05 Tweet Jaring en Simone

Te plak hjer! Alwer in makkie!  (foto)

Binnen 7 

11.04 Mail fan Feikje (mem van Beitske)
Beste minsken
Allegearre lokwinske mei it behelle risseltaat; sûnder ûngemak toch wer te plak.
It lêste ein sil foar W & N en T & B dreech west hawwe mei de wittenskip dat in earste plak er dit jier net mear ynsiet.
Hulde foar Jimmy en Sytse, de outsiders, dy it dit jier wûn hawwe.
Genietsje fan de kommende dagen en fan jimme freonskip.
En Aant, tige tank  foar dyn wurk, we sille it misse.
En alle lêzers alfêst folle lok en seine tawinske yn 2011.
Feikje (mem fan Beitske)

11.15 Mail fan famylje Koudenburg
Lokwinske, Sytse en Jimmy wat ha jim dat ferskriklik snel dien.
Jaring en Simone ek al oan, sjoch ik. Geweldich.
No’t jim kompleet binne, mar lekker geniete fan it moaie Bergamo.
Groet, Gerrit en Margje.

12.30 Mail fan grutske âlders fan Sytse
Wát  moai dat de lêste wedstriid sa prachtich ferrûn is. En dan bedoel ik net dat Sytse en Jimmy wûn ha (grutsk binne we fansels wol !), mar dat eltsenien goed te plak kaam is sûnder grutte problemen. Se sille elkoar wol in hiel soad te fertellen ha . Wij binne fansels ek tige benijd.
Aant, wij wolle dij bij dizzen tige dank sizze foar de wize wêrop asto de jongerein ûndersteund hast al dy tsien jierren. Sûnder dij hie it nea sa moai west foar de lifters  en de “oanhang”.
Noch noflike dagen tawinske.
Hertlike groetnis,
Jehannes en Wobkje.

12.45 Mail fan Corry Tramper (kollega fan Marije)
hee marije,
je bent er……gefeliciteerd.
heb genoten van de verslaggeving.
veel plezier in bergamo samen met roelof en alle
andere lifters.
gelukkig nieuwjaar!!!!
en een goede terugreis

13.15 oere Aant
Folgende bijwurking jûn om goed 18.00 oere. No earst in frisse noas helje en dêrnei 50 fragen betinke foar de SDS kwis op 8 jannewaris. Mar gelokkich, Sjoerd tinkt ek mei. Yn Bergamo. Of soe hij noch sliepe?

15.00 Mail fan Klaas en Amarins eks lifters en no buorkjend yn de snie fan Sweden
Hey jonges!!!
 
Wat in ferrassing machtich!
Wy ha fan e moarn contact socht mei Teade en Sjoerd dy’t alkoar al hearlik oankrupt hiene op de bestimming….
Jimmy en Sytse proficiat
En alle oaren ek fan harte mei jim finish!
Soad wille tawinske der en we heare binnenkoart hoi hoi!
En do ek  fansels Aant, oant sjen!
groetnis amarins en klaas

18.00 oere Berjocht fan Tsjeard:
Wij hingje mei syn allen yn de kroech! Goeie ferhalen en in protte wille. Moaie âlde stêd. Tank foar alle drokte wij ha der fan genoaten.

Leeuwarder Courant 30-12-2010

3-1-2011 Mail fan liftjouwer
To all of you a lot of fun and success. It is really a great idea to make such a competition. Arrive safely in Milano and enjoy lots of shoe shopping. 🙂 Our special regards to Namkje en Wybren. We picked both up near Frankfurt and dropped them at Gunzgen South in Switzerland. Warmest regards from Berne and a happy New Year 2011 to all of you,

Sylvie & Rolf (black Toyota Landcruiser)
Rolf Bühlmann
Exsigno Deloitte AG
Neugutstrasse 54, CH-8600 Dübendorf, Switzerland

3-1-2011 Harktip fan Namkje
Noch eefkes in nostalgysk momint (want wat wist hat, komt nea wer werom..)
At jim klikke op “Harkje nei de Reportaazje” kinne jim it liftpetear fan Tsjeard en Wybren op ‘e omrop belústerje.
 
http://www1.omropfryslan.nl/76186/Lifttradysje-Wommels-haldt-op.aspx
 
Groet!
Namkje.

3-1-2011 mail fan Wybren

Ha Lifters!
Wat binne we wer efkes moai op ‘e strun west net? Ek it ferslach hjirfan wie wer skitterjend neffens de thusbliuwers. Tige Aant!
Taheakke noch wat foto’s foar it Argyf miskien. Ha der noch mear minsken foto’s en/of leuke filmkes?

Blik op de Weg:
Under Apeldoorn, by Texaco de Brink, tocht ik al dat we in bekende Nederlander oansprutsen foar in lift. Juster skeat my te binnen dat dit Leo de Haas fan Blik op de Weg wolris weze koe. En dat klopte. Want
de man 
hie in Range Rover Sport  en naam om prinsipiële redenen gjin lifters mei. Doe’t ik him sei dat ik dat spitich fun en him frege at dit kommen is troch in minne underfining ofsa, stimde hy der mei yn. Miskyn bedoelde hy dit ? 

Grt!
Wybren

Limburg yn de ban fan lifters
Jimmy Linders hat it nijs aardich helle yn Limburg. De kranten jouwe flink oandacht oan syn liftavontoer. In stik yn de Limburger en yn de Belfelder.

Belfeldenaar wint liftwedstrijd

Namkje yn op é Skille
Yn op’s Skille fan 6 jannewaris in sfearferslach fan Namkje Koudenburg.

Alle liftdossiers binne fanôf no ek te finen op http://10xlifte.blogspot.com/


Finish leit op de foardoar
fan dit gebou

Twitters hjir te sjen