Liftdei 1 oant 12.00 oere

Twitters 10xlifte
28 december 2010
Foto’s jeugdtoernooien
29 december 2010

At alles goed giet sette de lifters fannemoarn om goed 8.00 oere ôf. En wij binne benijd at de teams allegear kompleet en op tiid binne. Want juster like it der op dat der troch sykte minsken ôffalle moasten.

Sa gau as mooglik sille wij de berjochten fan de dielnimmers trochjaan. Mar it begjin is der al. En dat giet automatysk. Twitter berjochten.

23.15 Sms Arjen en Wytske

Steane no oan de dyk bij Mantgum. Hope om 7.45 bij Jimbar te wêzen. It is wol wat kâld.

Yn de nacht en betide moarn
Twitters fan Jaring, Jimmy, Tsjeard: op bêd, koarte nacht en der klear foar.

De start

Om likernôch tweintich oer achten wie it tiid foar de start. In startfoto en dat is wer ris wat oars as in finishfoto.

Arjen en Wytske los

Jaring hie fuort nei de start noch wol efkes tiid om een fleurige Arjen en Wytske op de foto te setten. (Foto Stjoerder.)


8.28 SMS Namkje en Wybren
Mei Daan Boersma nei Boalsert. Wij binne op wei.

8.45 SMS Arjen en Wytske

Twadde lift fanút Boalsert no foarbij de Jouwer. Op nei de apfelstrûdel

8.48 Namkje en Wybren
Troch aardige frou út Tsjerkwert achter de Jouwer brocht.

8.48 Tweet fan Jaring en Simone
Earste lift nei Akkrum

8.59 Namkje en Wybren
Mei 10 stel bij de Jouwer

9.04 Jaring en Simone
Hoppa, it wurdt Wolvegea

9.10 Sjoerd en Teade
de Jouwer foarbij. Drok mei lifters, minder mei autos. Daan bedankt, dan wit er wol genôch. Tut fan Teade en Sjoerd

9.12 Namkje en Wybren
Dy Tsjeard kin lulle as brêgeman. Dizze man wol us 4en wol efkes nei the next station bringe. Ps. Fan je famylje moat je it mar ha. Tank Wouter en heit en mem.

Opm Aant: Hjir klinkt wat irony troch. Sjoch fierderop en dan is it te begripen

9.18 Jaring en Simone

5 teams bij Wolvegea, gesellich.

Opm A: It sjocht der yndie gesellich út, mar foaral kâld.

9.20 Jimmy en Sytse

Een goed begin is het halve werk. Mario en Luigi ruiken de curryworst al.

Opm A: It twadde team dat al honger hat sa te hearen.

9.30 Mail fan Tsjeard en Beitske

Lift mei in limbo oant arnhem! Gesellich! No by meppel!

9.32 Tweet fan Wouter Jorritsma (broer fan Wybren)
Jaarlijkse liftwedstrijd Wommels is weer begonnen. Arjen en Wytske op weg geholpen naar Bolsward, succes! #10xlifte

Opm A: wij begripe de opmerking fan Namkje

9.46 Tweet fan Jaring en Simone

Lift mei Roelof en Marije nei Swol

Trackr 10.00

Aant: De technyk stiet foar neat. Team Jaring en Simone en team Mario en Luigi hawwe de track oan stean. Wij kinne no sjen dat it earste team mei in gonkje fan 88 km (wêr sitte se yn?) rjochting Swolle geane en dat it oare team mei 104 km per oere hurd tichterbij komme.

Track 10.05

Krekt foar Swol. In wiere efterfolging op A28.

10.10 SMS Namkje en Wybren
Mei Slowaakse trucker (hannen en fuotten bargeduts) wer in tankstelle fierder – Stienwyk

10.12 sms Tsjeard en Beitske
Wij binne op de A50. Moai ritsje. Sjoerd syn beltegoed op?

10.26 Tweet fan Jaring en Simone

In hûnelift nei Apeldoorn

10.31 Wybren en Namkje
Us liftjouwer bringt foar syn wurk auto’s fuort. Dizze kear mei lifters en al. Op nei Apeldoorn. Lekker waarm hjir.

10.32 Trackr

Ek de tredde tracker hat de GPS oanstean. Team Tsjeard en Beitske lizze foar op team Hibma/Linders en team Rispens/Kingma

10.16 SMS Jimmy en Sytse
Mooi, net twee teams voorbij gereden op A28 voor Zwolle. Team Marije stond met nog een team (niet herkend) bij de pomp. Pa, mam, wij komen niet op de koffie. Nu door tot Arnhem.

10.41 sms Arjen en Wytske
Wij binne wer ûnderweis rjochting Arnhem.  Lekker waarm bij de kachel.

10.41 sms Sjoerd en Teade
Lift nei Zevenaar, miskien Frankfurt.

Opm A: It earste team dat it echt oer Dútslan hat. Sij meitsje harren favoriterol hielendal wier. In sms tegoed tekoart? Hoe komme se der bij. Se ha al mear sms’t as ferline jier.

10.47 Tweet Jaring en Simone

Namkje en Wybren ûnderhannelje sa te sjen mei in folgende frachtweinsjoffeur. At je dêr bij yn de buert binne dan moat it wol goed gean, sizze Jaring en Simone.

10.50 Roelof en Marije
At jim witte wolle wêr’t Roelof en Marije wiene om 10.50 oere, dan
hjir klikke. Harren ferhaal der bij ïs:
Ha goeie,
Peugeot 106, ryd as in trein. Binne no flakby apeldoorn.
Locatie van Roelof Fopma om 10:50,29/12
Vaassen

11.00 Tweet Jaring en Simone
Lift nei Zevenaar. Sjoch
hjir
 

11.02 Tweet Skelte Anema fanklup Mantgum

@WytskeVermeulen Súkses! At it jim gjin lift krije kinne, moat Arjen dy roze strik efkes foar dwaan dat helpt fêst! #10xlifte

11.16 Meel fan Tsjeard en Beitske

Drekt efkes pauze

Opm A: foarútsliepe hjit dit. Lekker koeze Beitske

11.10 Tweet fan Mario en Luigi
#10xlifte hoppa 1e auto op t tankstation lyk nei frankfurt! wol even 30 min wachte op sakenman yn wuppertal. giet best!

11.20 Tweet fan Jaring en Simone

Hoppa! Dizze man hie in ôfspraak yn Utert, soe omride nei Zevenaar mar bringt us no 60km Dútslân yn! #10xlifte

Opm A: Mei in gonkje fan 143 sjit it ek lekker op.

11.40 SMS fon herren Sjoerd en Teade
Wat binne wij goed yn Dúts. Master Posthumus vielen dank. Us freon bringt ús in hiel ein rjochting Frankfurt. Shaloom.

11.43 SMS fan Namkje en Wybren
Ride no yn fette BMW Dútslân yn. In soad minsken helje efkes fjoerwurk oer de grins. Soe van der Velde útferkocht wêze?

Opm: Aant
En krekt op dat momint hear ik yn de top 2000 nr 737 Kraftwerk mit Autobahn.
 

Opm Aant: nei rotmuzyk geane we wer fierder mei de 7 teams

11.56 tweet Ate Feike
Hja moatte klear wêze foar dizze muzyk aant.. pure cult#10xlifte

11.55 sms fan Wytske en Arjen
Dizze BMW riders hawwe in grutte tank en wolle dêrom wol efkes omride. Op nei Zevenaar

11.59 Trach Sytse en Jimmy

Opm Aant: op de track is te sjen dat Mario en Luicio de gong der lekker yn ha yn Dutslân.

 

Elkenien dy’t bij syn twitterberjocht 10xlifte set, pleatst syn berjocht automatysk yn in oersicht, wat jim ûnder dit logo 
besjen kinne. Wol sa no en dan op F5 drukke om te ferfarskjen.