Krystweppers

Weppers woansdei 20-12-2023
20 december 2023
Alde lullen fan SDS 5e op it krystsealtoernoai fan Frjentsjer
24 december 2023

Seal

De jeugd fan SDS fuotballet moarn rûnom Fryslân yn sporthallen.

Krystseal

Wat âlde lullen fan SDS sille moarn sealfuotballe yn Frjentsjer. Der dogge 24 ploegen mei. It begjint om 16.00 oere en de finale is om 21.00 oere.
Dizze mannen dogge mei:
Bote, Anne, Feite, Feite syn sweager, Tsjipke, Jelte-Pieter, Freek en Willem.

Bikkels

Woansdei hawwe de bikkels fan SDS JO10-1 yn Nijlân tsjin vv Nijland JO10-1 balle. Yn waar en wyn stie SDS mei de rêst mei 3-0 foar, mar yn de twadde helte mei 4-3 efter. Krekt foar it ein makke SDS dochs noch de 4-4. It wie sok min waar dat de skiedsrjochter de penaltyserie mar sjitte liet.

Feest

SDS 1 gie ôfrûne tongersdei te wokken. In moai momint om Wierd Hofstra efkes yn it sintsje te setten. Hy wie jierdei.

Opjaan foar de SDS-nijjierssit

Hasto dy al opjoen foar de SDS-nijjierssit? Der kin fuotballe wurde of kaarten. Foar it kuierjen of de neisit hoefe je je net op te jaan. Jou dy hjir op.

Harsens derby (2215)

Ho…