Foarlopige A- en B-seleksje
31 juli 2004Wepperkes
2 augustus 2004Mei noch in lytse moanne te gean mei it keatsen, giet it net sa hurd mear mei de kransen. Foar sa fier ús bekind is dit it tuskenklassemint fan 1 augustus.
1. Okkema’s Easterein 10 kransen
ûnbedrige sizze se sels
2. Scheltema Easterein 8 kransen
noch seker net útskeakele, sizze se sels
3. Haitsma’s Wommels 8 kransen
Mei noch in krans fan de freule der by, komme sy wierskynlik op 9 út of Erik moat nochris wat winne.
4. Strikwerda’s Wommels 8 kransen
Wy tippe dizze famylje.
5. Pompstra’s Easterein 7 kransen
Fraach is of der genoch partijen binne foar Anke-Marije, dan kin it noch spannend wurde
6. deJong /Wijnia Lollum 6 kransen
Ledenpartijen en doarpsfeesten binne hast dien, dus mei 6 hâldt it op, tinke wy
7. de Boer, Sudhoeke Wommels 6 kransen
Der sil noch wol ien bykomme, mar mei in hûn op it hiem falt it net ta de top te heljen (wat foto’s oangiet)
8. de Vries Noard Wommels 5 kransen
Wa’dejeugd hat de takomst, at it dit jier net oangiet dan takem jier. Wat wolle je ek mei sa’n grutte foartún!
Binne der noch oare kanshawwers, wy witte it net. It bliuwt wol wat fertocht stil by de famylje Broersma yn Littens. Of hawwe dy mear fytsbannen oan de muorre? Hat immen noch in nije foto, of oar nijs oer kransen , mail ús dan info@vv-sds.nl