Foarlopige A- en B-seleksje

Wedstriidprogrammas
30 juli 2004
Kransen binne djoer
1 augustus 2004

Nei de earste wike trainen hat trainer Lykle Bleekveld bekent makke mei welke spilers as hy troch wol yn ‘e A-seleksje en welke spilers yn ‘e B-seleksje fan Klaas Okkema bedarje. Jimme kinne de seleksjes fine troch by “senioren” te sjen en by SDS 1 en 2. Fansels kin der yn ‘e rin fan de tarieding op it nije seizoen noch fan alles feroarje.

De A- en B-seleksje bliuwe eins lyk as foarich seizoen oan it begjin. It ienige ferskil is dat Mark Postma en Kees Adema fanút de A-junioren  by de A-seleksje kommen binne. De langdurig blesseare Dirk de Jong mei by de B-seleksje begjinne as hy wer better is.

Peter Sybesma mei as hy wer hielendal hersteld is ek yn ‘e B-seleksje begjinne. De fan Bolswardia kommen Ruurd Boorsma begjint yn ‘e B-seleksje.

Gerrit Terpstra, Henk Postma en Skelte Anema sitte wer by de A-seleksje. Ôfrûne seizoen bedarren sy yn ‘e rin fan it seizoen by de B-seleksje.

De A- en B-seleksje hawwe kommende wike beide noch(los fan inoar) trainen fan Lykle Bleekveld. Wyks derop nimt Klaas Okkema de B-seleksje oer.