Kick Off WK

Weppers tongersdei 13-5
12 mei 2010
Weppers freed 14-5
13 mei 2010

Kick-Off Wommelser Kampioenskip 2010

10 mei om in oerke as healve 8 wie it dan wer eindelijk safier..we mochten wer oantreden foar it earste Wommelser Kampioenskip(WK) fan 2010. Mei dochs in biitsje de senuwen yn de foutten rûn ik nei it fjild;  soene de minsken it WK gefoel miskien ferjitten wêse? Soene we wol in fatsoenlijke bal hawwe, oansjoent myn lek wie en die fan Henk kapot? Soe it gêrs meant wêse foar it earste WK? Soe Eeltsje sjoent syn gemis oan wedstriidritme(en oare factoren) wol fatsoenlijk in oerke foutbalje kinne? Yn ieder gefal redenen genoch om effkes mei wat spanning nei it fjild te rinnen..
Ienmal oankaam op it foutbalfjild wie der metien alle reden tot enthousiasme, tuurlijk wiene de minsken it WK gefoel net ferjitten! Mei in opkomst fan 10 man koene we al snel ût de foutten. De earste minuten wiene wat ôftasten mar dernei gie it wer as fan âlds. Wat foel der dizze edysje fan it WK op?
Erik H. : As in standbeeld
Henk P. : Hat die jongen echt it hiele seisoen net foutballe?
Ralph W.: Ralph Sparrow of the Black Pearl
Jelmer P.: “Bedankt Erik..”
Arjan P.: “Ik moat om 9 oere op bed jongens”
Ate F. de B.: Wie net succesfol yn syn loopacties
Eeltje P.: “We moatte doare die bal te jaan!”
Sjoerd van B.: “Do stiest mei opset by my op de foutten, ik kin der neat oan as ik dat by dei doch!”
Jaap T.: Foen keepen op it lytse goal minimaal sa dreech
Hendrik E.: Materazzi
De teams wiene as folcht:
Hendrik E., Henk P., Ate F. De B., Erik H. En Ralph W. (Team1)
tsjin de gevestigde oarde fan
JElmer P. , Eeltsje P., Sjoerd van B., Jaap T. En Arjan P. (Team2)
De wedstriid gie lyk op oant in stân fan 6-6. Hjir waar it tiid foar de wrâldferneamde winnende goal.
Al snel waar dúdlik dat Team 1 in stik sterker wie in dizze faze fan de wedstriid,troch in snelle kombinaasje wie it  ûndergetekende die de winnende goal binne skeat . Team 2 woe in revanche om winnende goal en Team 1 wie dan ek sa freonlik om dizze ek te jaan.  It mocht jammer genôch net barre foar Team 2 want ek yn dizze revanche wie it Team 1 die fia Erik H. de winnende makke.
In earfolle fermelding giet noch út nei Jelmer P. welke oandoarde om it duel oan te gean mei de steunpilaren fan Erik H…dit resultearje spitich genôch wol in lichte blessure foar Jelmer P. We winskje die in protte succes mei it herstel Jelmer en wit dat ús gedachten bij die binne .
In fantastyske iepening fan it WK, die seker syn neifolging sil krije dizze simmer. It folgende WK sil plak fyne om 8 oere op folgende wike mandei 17 mei. Litte we dan wer hope op krekt san moaie opkomst as hjoed!
Alg. Stat. Dir. WK bestjoer
H.K. Engbrenghof

Nije bakken Wommelsers Sjoerd en Jaap wiene ek aktyf en Henk Postma kaam útrêsten oan de start.