KICK Jongenscoaching sjurtstiper SDS JO19-1!

Weppers moandei 15-10-2018
15 oktober 2018
Jou dy no op foar it Meinte-Sixma-toernoai!
16 oktober 2018

Wy binne der tige wiis mei dat wy nochris melde kinne dat KICK Jongenscoaching de kommende 5 jier haadstiper wurden is fan SDS JO19-1!

Ofrûne sneon kamen de jongens fan JO19-1 mei Jan Stenekes en Marco Rijpkema fan KICK Jongenscoaching op de foto yn de nije sjurts.

KICK jongenscoaching hat de jongens fan JO19-1 net allinnich yn nije sjurts stutsen, mar ek yn nije yndraafsjurts!

Ald-SDS’er Jan Stenekes hat it bedriuw KICK Jongenscoaching sûnt in pear jier en spiler fan SDS 1, Marco Rijpkema, wurket by him.
KICK Jongenscoaching rjochtet him op jongens tusken de 7 en 21 jier. Op de webside fan KICK Jongenscoaching kinne jim der alles oer lêze.