WK weppers 19-7-2026
19 juli 2026Kale Batser wint
Hiel lang lyn, it sil de jierren 50 west hawwe, makken se ús wiis dat minsken mei in keale holle hiel hiel geleard wiene.
Dy wisten krekt wat mear as in oar.
Dat leauden wij fansels
Wat âlder wij wurde, wat mear wij der efter kamen dat soks mar in fabeltsje is
Mei dizze ontknoping fan ús WK league tinke wij dochs efkes oan dat fabeltsje fan earder.
Is it gjin fabeltsje, jildt it foar sommige minsken noch altyd.
Kale Batser wint en dat siet er nei syn opmars wol wat oan te kommen, mar dat hast de hiele top 10 op de kop giet is wol ferrassend en leuk
Mei dy hege skoares yn it lêst wie der noch fan alles mooglik
As it 2-2 wurden wie, Spanje wûn en Yamal ien of twa goals makke hie dan koe sels Bas van der Weij mei Ajarnox fanôf plak 22 noch 1e wurde.
Lourens van der Pol

1e 100 eurie
2e 90 eurie
3e 80 eurie
4e 70 eurie
5e 60 eurie
6e 50 eurie
7e 40 eurie
8e 30 eurie
9e 20 eurie
10e 10 eurie
En de poedelpriis is fansels de LP fan de Greideklanken.
Top 6 dizze ronde
Dit oersichtje seit alles. Kale batser, Jelmer Hanenburg en Sven-Jorn-Sipke skoarden geweldich en tanke harren kopposysje foaral oan dy lêste twa wedstriden.
Topklasse
In wike lyn joegen wij al oan dat de top 10 der fêst oars útsjocht as doe.
It duorre oan de lêste wedstriid dat it echt sa is.
Sven-Jorn-Sipke (Vellenga), Herres (Wiebe Heeres), Nasuboys (Bertus Bootsma) Jacob Klaas Haitsma 77 en Minne Bouma United skoare sa goed dat sij yn de top 10 komme en in priis hawwe,
Foar Petronella en Jelte-Pieter duorre dit WK krekt te lang.
Sa lang boppe-oan en no net op it poadium. mar wol beide yn de top 10
KKN (Klasse krekt net)
Krekt net hjit dizze klasse.
De teloarstelling sil der ôfdrippe, seker Postmeister, Grietzen Broersma, FC Weghorst, Eeltje en Mattijs.
Sij binne út de top 10 rûgele.
Grietzen Broersma waard yn de SDS WK-League 13e en yn de pool fan it Antonius Sikenhûs 14e.
Beide Klasse Krekt Net dus.
KOIF (Klasse op it finketou)
Pieter Bouma en RoMel United en Allert noch in moaie stap omheech
KGM (Klasse Grize Middenmoat)
Tom Wijnia waard yn de pool op syn wurk 1e, dus seit it iets oer it nivo bij ús en it nivo fan syn kollega’s op syn wurk.
Hij wurdt hjir bij ús 34 ste…
KLWJN(Klasse Leger Wolle Je Net)
Foar Melle de Boer in dûbel gefoel. Minder punten as heit Teade mar mear as omke KarAte.
KKNL(Klasse Krekt Net Lêst)
Sikmaboys sille mei noch mear respekt sjen nei nû 42 it Hiemteam.
KG (Klasse Greideklanken)
Wij sille noch efkes útsykje wa’t de elpee fan de Greideklnaken wûn hat.
Der binne meardere dêr ûnderoan dy’t net alles ynfuld hawwe en dat betsjut “diskwalifikaasje” foar dy priis
Us earste yndruk is dat ús bekende kandidaat Timothy de gelokkige is.
Poedelpriis
Nei wa giet de poedelpriis as oanmoediging om folgjende kear wer mei te dwaan?












