Hierlak docht fertuten

Mear foto’s
18 januari 2004
Wa wit alles????
19 januari 2004

De seal yn it FEC is net echt geskikt foar sealfuotbal. It is te glêd. Tongersdeitejûn hiene de SDS-ers noch problemen om goed steande te bliuwen.

In tip fan Jappie Groenveld, skoalmaster yn Wommels, wie om hierlak ûnder de skuon te spuitsjen. Op sneon setten de Eastereinder ôf mei bussen hierlak en it wurke. De spilers hiene folle minder lêst fan glêdens.

Yn de finale wûn SDS nei strafskoppen fan CommeCi Comme Ca, mei yn de gelederen ………. Jappie Groenveld.

Op de foto Robert Sijbesma, dy’t syn skuon bespuitet.