Hast âldjierweppers

Liftdei 2 ein
30 december 2010
Aldjiersweppers
30 december 2010

Liftgeweld
Nei al it liftgeweld de ôfrûne dagen is it no wer tiid foar it SDS nijs. En dat begjint mei in lokwinske oan Sytse Hibma en syn maat. Dizze spiler fan SDS 6 wie it earst op de einbestimming tidens de liftwedstriid. Ek tige tefreden binne wij mei Sjoerd van Beem (en syn maat Teade) Sij waarden tredde.

Opjaan
Foar it DEF toernooi op 15 jannewaris kin de jeugd harren hjir opjaan.  Klik op it logo en ful it formulier yn

Winterprogramma SDS 1
Bij SDS 1 witte se wêr’t se oan ta binne de kommende twa moanne. Sjoch hjir it winterprogramma.

Aldjiersdei
Sûnt it bestean fan de sporthal yn Easterein is der op âldjiersdei de mooglikheid om it alderlêtste swit fan it ôfroune jier efter te litten troch mei syn allen efkes te sealfoutbaljen fan 14.00 oant 15.30 oere. Dêrnei is dêr de mooglikheid by de brûs om it focht te koart oan te foljen en eltsenien alfêst de beste winsken ta te winskjen foar it nije jier. 
wannear : freed 31 desimber
wêr        : sporthal de Greidhoeke Easterein
tiidstip    : 14.00 – 15.30 oere
foar wa   : senioaren dy’t graach noch efkes balje wolle.
Oant freed 
Tjeerd Dijkstra

Wepsjop
Rjochtsûnder kinne jim de SDS-wepsjop fine:
Webshop!
Mochten jim noch ferlet hawwe fan it ien of oar dan kinne je hjirboppe ek klikke.

De froulju nei it fuotbaljen
De tiid dat allinnich mannen nei it fuotbaljen gean is foarby. De tiid sels dat de man de frou meinimt nei it fuoutbaljen is foarby. De froulju geane no sels nei it fuotbaljen:

Wy binne foarige wike tongersdei nei Ajax – AZ west. 
We sieten op de F-side en ha dus de hele wedstriid stoen en oan it sjongen west. 
Yn’e bylage in foto fan us yn’e arena. Fan links nei rjochts: Neeltje, Tryntsje, Marije en Rianne. 
Wat wol toevallich wie is dat us rechnummers en posysjes precies oerien kamen mei de opstelling fan Ajax. 
Rianne 11, Tryntsje 3, Marije 4 en Neeltje 2. Dus dat koe net mis gean!
Groeten Marije, Tryntsje, Rianne en Neeltje fan DA1


Kalkje
De kalkers fan SDS hawwe der dit seizoen in putsje bykrigen. Steane dizze linen der eins wol?(klik
hjir)

Te keap
Frank Bervoets wol wol fan syn
fuotbaltafel ôf en syn sealfuotbalskuon. Hy hat se beide op Marktplaats delsetten. Sy binne beide (as) nij. Sjoch mar ris.

Kwiske
Foar wa ’t dizze dagen mar gjin genôch krije kin fan kwiskes en puzzels
hjir noch in aardige fuotbalkwis op Spoiler.

Noflik 2011!
De KNVB winsket eltsenien alfêst in noflik 2011(klik
hjir)!

Harsens derby (365)
Ek op it ein fan it jier hawwe je wolris in misserke: