Gjin OFK…….

Weppers moandei 4-1-2020
4 januari 2021
Op nei de nije SDS-League!
11 januari 2021

Normaal sprutsen hienen hjoed de finales fan it Iepen Frysk Kampioenskip sealfuotbaljen (OFK) west yn de Trije yn Frjentsjer. Spitich.…
Dan hjoed de hiele dei mar foar de âlde bylden. Op Twitter hawwe wy hjoed fanôf 9.02 oere eltse 2 oeren âlde bylden te besjen. Dizze binne te sjen fia Twitter op @ff_sds.
Hjir op de webside de edysje fan 2004.
Dit is fansels ús favoryt!
Doe ’t it noch Midwintercup hjitte en yn it FEC wie en der smookt wurde mocht yn de hal lykas fleskes bier drinke. Fansels waarden dêr ek de hamburgers bakt!
It liket wol 100 jier lyn.


It wie glêd yn it FEC, dus op oanrieden fan Jappie Groenveld(doe al skoalmaster yn Wommels) waarden de sealskuon ûnderspuite mei hierlak.
Yn de finale wûn SDS úteinlik fa Comme Ci Comme Ca nei penaltys. En wa spile dêr ek by? Ynderdaad; jappi Groenveld.


Robert Sijbesma mei de beker.



De hiele dei moasten der hiel wat penaltys naam wurde. Hjir Tsjipke yn de heale finale tsjin Avanti.


SDs wûn dus by de manlju en ONS by de froulju. By de froulju fan ONS spile doe Akke-Rixt Zijsling, dy’t no koach is fan Vr.1. By Friesland College spile doe Tynke Toering, de sus fan Jaap Toering.

Twa wiken nei it toernoai stoar Andre Hoeksma fan Friese Boys neidat hie tidens it toernoai efteroer foel en mei de holle op de grûn kaam wie.
Dit wie de lêste edysje dy ’t yn it FEC ferspile waard. Hjirnei ferhúze it toernoai nei Frjentsjer.

Hjir noch it stikje wat yn de Ljouwerter Krante stie: