Geert Hiemstra skorst?

Tsjeard Halbersma takem jier der net mear by
19 mei 2003
Nije stân SDS League: wike 12
20 mei 2003

De grinsjochter fan SDS 1,Geert Hiemstra, kin nei de wedstriid fan jûn de flagge foar in skoft op sterk wetter sette. Nei it akkefytsje mei de skiedsrjochter yn ‘e kompetysjewedstriid tsjin CVVO is hy foar 10(!!) wedstryden skorst. Hy mei jûn(tiisdei 20 maaie) yn ‘e neikompetysjewedstriid tsjin Marum noch flagje. At it treft kin der kommende sneon wol wer oan ‘e kant stean, mar dan wol oan ‘e oare kant fan it hek en sûnder flagge.

SDS giet noch wol yn berop tsjin de skorsing.