Geert Hiemstra skorst

Priiswinners SDS League!
5 juni 2003
Nij Trefferredaksjelid
7 juni 2003

SDS gie fan ‘e wike nei it Hearrefean om yn berop te gean tsjin de skorsing dy ’t Geart Hiemstra as flagger krige,omdat hy yn ‘e wedstriid fan SDS 1 tsjin CVVO út it fjild stjoerd waard. Hy hie yn dizze wedstriid wat in mieningsferskil mei de skiedsrjochter en waard lilk. Geart Hiemstra waard út it fjild stjoerd en krige 10 wedstriden skorsing fan ‘e KNVB. Yn ‘e eagen fan SDS in te swiere straf. It berop hat allinne net holpen en Geart Hiemstra kin dus genietsje fan in lange “simmerstop” want hy bliuwt foar 10 wedstriden skorst.
 Sa sille wy Geart Hiemstra efkes misse moatte, mar hy sil fêst oan ‘e line stean. Allinne dan oan ‘e oare kant fan it stek.