Futsal-wepperkes

Wepperkes -woansdei-
17 augustus 2005
Oefenprogramma SDS A1
18 augustus 2005

Nei de Haadklasse?
As der foar it 1e sealteam fan SDS oait in grutte kans komt om nei de Haadklasse te promoveren dan is dat wol kommend seizoen. De earste 6(fan 12) fan de 1e Klasse promovere rjochtstreeks nei de Haadklasse. It kin sels wêze dat der noch meear ploegen promovere meie. Allinne de ûnderste degradeart. It wurdt dus saak om yn it linkerrijtsje te eindigjen.
(Bron:
Bewaarnûmer KNVB 2005-2006 Noord)

Nei de 1e Klasse?
As der foar it 2e sealteam fan SDS oait in grutte kans komt om nei de 1e-Klasse te promoveren dan is dat wol kommend seizoen. De earste 5(fan 10) fan de 2e Klasse promovere rjochtstreeks nei de 1e-Klasse. Allinne de nûmer lêst degradeart.
(Bron:
Bewaarnûmer KNVB 2005-2006 Noord)

Nei de 3e Klasse?
Foar SDS 3 is it wat dreger om te promoveren nei de 3e Klasse. Allinne de earste 2 gean oer.
(Bron:
Bewaarnûmer KNVB 2005-2006 Noord)

Gjin perioadekampioenen
By it sealfuotbaljen kinne dit seizoen gjin perioadekampioenskippen helle wurde.
(Bron:
Bewaarnûmer KNVB 2005-2006 Noord)

Doelsaldo
Yn alle klassen is it doelsaldo bepalend foar it einklassemend. Alline yn de Haadklasse en yn de 1e-Klasse moat der om fuotballe wurde as der 2 teams lyk eindigje en der stiet in priis op it spul.
(Bron:
Bewaarnûmer KNVB 2005-2006 Noord)

Djoer
It 1e sealteam fan SDS hat noch altiten gjin coach. Dat hindert neat mar dat kin aardige kosten meibringe as der by alle wedstriden dit seizoen net in coach oanwêzich is. Dit kostet €19,30 per kear. As SDS 1 ek net in lijnrechter mei hat dan komt hjir nochris €19,30 oerhinne. Is der ek gjin tiidwiernimmer oanwêzich(à €19,30) dan komt dit op sa ’n €60,-. Der moat by thúswedstriden fan SDS 1 ek in secretaris oanwêzich wêze.
(Bron:
Bewaarnûmer KNVB 2005-2006 Noord)

Net weromspylje
De Skiedsrjochterskommisje fan de KNVB hat bepaald dat der yn alle klassen net werom spile wurde mei op de keeper.
(Bron: Bewaarnûmer KNVB 2005-2006 Noord)

Beker
Alle 3 sealteams fan SDS komme dit seizoen út yn de bekerkompetysje. De exacte datums fan de earste bekerwedstriden binne noch net bekend. Heechstwierskynlik wurde dizze wedstriden spile yn de wik fan 29 augustus-2 septimber. Dizze wedstriden wurde dan spile:
FC Leeuwarden 2 – SDS 1
SDS 2 – WZS 3
Heerenveen 4 – SDS 3


Kompetysje
De kompetysje begjint foar de sealteams yn de wike fan 5-9 septimber. Dit is it programma:
Exstador 1 – SDS 1
SDS 2 is frij
SDS 3 – WZS 6


Útsje
Op snein 11 septimber sille de spilers fan SDS 2(seal) der op út. De reis sil heechstwierskynlik nei Amsterdam gean.