Zandvoort (live)
9 januari 2004SDS 4 (ein)
10 januari 2004It 1e sealteam fan SDS hat woansdeitejûn mei 6-2 yn en fan SC Genemuiden wûn. Dit is in moaie útslach hielendal at hjoed bliken docht dat WZS mei 5-6 fan Ens ferlern hat. SDS is dus 3 punten útrûn yn de striid om it kampioenskip.
SDS koe de earste helte mar moeilijk skore. Harm, Robert, Feite en Willem rekken allegear wol in kear de peal as latte. Genemuiden wie te ferslaan, mar dan moast der al in kear skoord wurde. Foarich jier hie SDS hjir noch ferlern en dat moast eins net wer barre. It wie úteinlik Harm dy ’t knap skoorde nei in moaie kombinaasje mei Robert. Oan ’t de rêst bleaun de stân sa. Anne Stenekes foel út mei in “griipke” en hjir waard it net makliker fan. Ek Genemuiden krige de noadige kansen, mar Jan Simon stie knap te keepen.
Yn de twadde helte wie it gau dien. Robert makke der 0-2 fan en Genemuiden sels 0-3. Doe ’t Feite de 0-4 makke koenen de 3 punten byskreaun wurde. It waard noch 1-4, Harm makke de 1-5 , it waard noch 2-5 en de einstân waard 2-6 troch in goal fan Robert.
Moai 3 punten útrûn op WZS. Der binne noch 8 wedstriden te gean. Dizzen moatte allegear wûn wurde. It wurdt noch dreech genôch. Folgende wike hoecht SDS net foar de kompetysje te fuotbaljen. Sy spylje dan yn it FEC. Dizze kear liket dat wat minder wichtig as de kompetysje. SDS kin dêr dus frijút fuotbalje. Hooplik sille sy dat ek dwaan. Lieder Willem Overal sil der yn it FEC net bywêze. Hy moat foar syn wurk nei Flylân ta.
SDS2 hat ferlern fan Warkum mei 4-2. Doelpunten wiene der fan Jacob de Vries twa kear.