Fryheid fan mieningsutering

De Treffer
15 november 2004
Wepperkes -tiisdei –
16 november 2004

Beste Wichard,

 

Yn it ferslach fan ôfrûne sneon seach ik in opmerklike oprop stean fan dy. Earst miende ik dat it net goed lêzen hie, mar nei in kear as wat oerlêzen moast ik fêststelle dat it echt sa wie. Yn de tiid dat it hawwen fan in frije miening sintraal stiet yn dit lân, yn in tiid dat oer fuotbal miljoenen in miening hawwe, wurdt ús frege dat net mear te hawwen. Ik moat sizze dat sokke fersiken by my net wurkje en ik wie ek fan plan om fuort en daliks in “grimmitige” brief te skriuwen. Mar ik haw ek leard dat je soms better earst in nacht sliepe kinne foardat je dingen skriuwe of sizze.

Probleem is dat ik no al wit dat ik de hiele nacht net sliepe kin at ik hjir oan tink. Dêrom gelyk mar in reaksje, sadat ik my fannacht  rêstich deljaan kin.

It giet dit jier by SDS in protte oer it systeem. Wy as supporters binne dêr net mei begong. It wiene de spilers (en dêr bist do ek ien fan) dy’t ús melden dat er dit jier in oar systeem spile wurde soe. Net dat my dat fierders wat skele koe, mar it wie moai om te witten.

No haw ik neat tsjin systemen en ik haw der al hielendal neat op tsjin dat in trainer yn in bepaald systeem tinkt. Wêr’t ik wol mei sit is dat ik (en in protte oaren dy’t folle mear ferstân fan fuotbal hawwe, mei my) it gefoel hawwe dat de resultaten de lêste wiken tsjinfalle, wylst dat net nedich liket te wêzen.

Wat foel der sneon yn Starum op: SDS spilet de earste 20 minuten yn Starum prima mei in soad driging nei foaren. Mar je sjogge wol dat by in foarsprong de driging minder drigend is en dat de echte oertsjûging mist om noch in doelpunt te meitsjen. Do seist it sels yn dyn ferslach: In betiid doelpunt en wy kinne “ lekker efterút leune.”

En dat lêste dêr giet it no om. Efterút leune is negatyf en sa komt it ek oer.

It soe oars wurde asto sein hiest dat “wy nei in betide foarsprong lekker kounterje kinne”. Dat jout noch in yntinsje oan dat er dochs noch wurke wurdt oan in twadde doelpunt.

Wat SDS docht is yn de kont hingje en net gebrûk meitsje fan de kountermooglikheden. Dêrfoar spylje jim te folle fan út de organisaasje. En omdat dy organisaasje yn it fjild earst wer goed moat, hat de tsjinstanner de gelegenheid om sels ek wer de ferdigenjende stellingen yn te nimmen.

At soks mei it systeem te meitsjen hat, wit ik net. Dêr giet it ek net om. Feit is wol dat wy nei ôfrin krekt sa teloarsteld binne as jim. Wy kinne mei dy teloarstelling net mear dwaan as der oer prate. Der oer seure. Dat hat altiten mochten by SDS. En dat wolle wy graach sa hâlde.

 

Mei freonlike groetnis

Aant