Fryheid fan mieningsutering
15 november 2004Wepperkes -woansdei-
17 november 2004Chelsea of JVBolsward
Tjeerd Dijkstra en Jaap Boekholt binne de lieders fan SDS B-1. Sy dogge dat my in protte nocht en beleving.
De resultaten binne der ek neffens. Nei 10 wedstriden hawwe se dan ek 30 punten. Normaal sprutsen steane je dan nr 1. Dizze kear net. Want Jv Bolsward hat ek noch net ferlern. Kommende sneon is de topper om 10.45 oere yn Boalsert. Grutte ôfwêzige is …Tjeerd Dijkstra. Hy hie hiel lang lyn kaarten regele foar Chelsea-Bolton Wanderers. Tegearre mei Hendrik Okkema en wat kollege’s (net fan it wurk mar wol fan de p.v.) giet hy nei Londen.
Gjin oefenwedstriid
SDS 2 soe kommende tongersdei oefenje tsjin Balk 2. Dizze wedstriid giet net troch. Om ’t it fjild yn Wommels net al te best liket wurdt der ek net traint. De hiele B-seleksje kin trainer Klaas Okkema dan tongersdei moai bystean yn de Kenniskwis fanôf 21.30 oere.
Freark
De Treffer bestiet sûnt 1970. Oprjochters wiene Jan Strikwerda, Philippus Hingst en Freark Smink. Trije ûnderwizers yn dy tiid. No 34 jier letter geniet Jan fan syn pensjoen, smookt Philippus noch altiten piip en is Freark Smink oan it toanielspyljen by Tryater.
Op woansdei 8 desimber komt Freark mei Jan Arends en Marijke Geertsma nei it Dielshûs yn Wommels om it stik “Ald papier” te spyljen. Neffens de berjochten: De bekende Flaamske akteur Stany Crets skriuwt oer werkenbere problemen dy’t hy op in orizjinele, somtiden bittere, mar foaral ek humoristyske wize foarm jout.
Kaarten binne te bestellen by Foekje Zijlstra op nr. 331544.
Nije foto’s
Der steane wer allegear nije foto’s op dizze webside. Je moatte der allinne al efkes om sykje. Der stiet in moaien by SDS 5 fan Pieter Liuwe, der binne foto’s fan spilers fan F3 en foto’s fan spilers fan E2. Hawwe jimme ek noch foto’s, mail sy dan efkes nei info@vv-sds.nl. Sa sykje wy noch in foto fan Jeroen Hoek en ien fan SDS E1.
In ferslach skriuwe
At je nei in fuotbalwedstriid sjogge en je moatte dêr in ferslach fan skriuwe dan kinne je dat op ferskate wizen dwaan.
Op side 9 fan de Ljouwerter Krante stiet hjoed (tiisdei) in column fan Eelke Lok. Hy jout op treflike wize oan hoe’t je it wol en net dwaan kinne. Efkes lêze tochten wy sa.
Tongersdeitejûn
Kommende tongersdei giet it oan. Lyckle, Klaas en Kees bine de striid oan. Wa tinke jim dat wint en wêrom. Mail ús jim reaksjes: info@vv-sds-nl.
Útslach?
SDS 1 hat fannejûn oefene tsjin Harkema-Opeinde? Wat is de útslach? Mail it nei info@vv-sds.nl
Wat bedoelde Robert?
Wy witte it noch altiten net. Wy krigen noch wol twa hiele lette reaksjes binnen. Fan Freddy Scheltema. Wy sille it him net kwea ôf nimme, want hy hat it fansels drok mei syn fragen. Wat fynt Freddy fan Robert syn finger yn de loft:
- hij wol dat hij der mei de finger yn giet prutsen sadat at hij sjitte wol de bol ontploft
- hij wol natuerlik elkenien sjen litte dat der wol in hiel moaie helikopter giet.