Frouljusfuotbal

Wepperkes -moandei-
20 november 2006
Wepperkes -tiisdei-
20 november 2006

Frouljus foutbal   

Wy fan it bestjoer fine it hartstikke moai, dat der op ’t heden in ploech froulju (in stik of 15) aktyf oan it trenen is. It inisjatyf is alhiel by de froulju self wei kaam.

Om it allegearre wat mear hannen en fuotten te jaan is der beslúten om dizze froulju, foar de rest fan dit seizoen NIET SPELEND lid te meitsjen.

(se krije dêr dizze wike in brief oer).


Om eventueel it seizoen 2007-2008 yn de kompetysje mei te draaien binne der MINIMAAL 20 leden nedich.

Der kinne dus noch wol mear by!

ELTSENIEN fan 14 jier of âlder (dyjinge dy ’t no noch 13 binne hoege net te stopjen), kin har oanmelde.

De trening is op tiisdeitejûn fan 18.00 – 19.00 oere en stiet û.l.f. Akke Rixt Zijsling.

Annette Kooistra is ree fûn om liedster te wurden fan dit team.

Jim meie bêst ien kear mei trene as gastspylster foardat jim beslúte lid te wurden.

Jim kin jim skriftelik oanmelde fia in formulier dat te krijen is by Koos Plantinga (De Singel 24, 8734 HR Easterein, 0515-332448)(leden administraasje).


Mei fr. gr.

It bestjoer fan SDS