Freedtejûn Wepperkes

Marco Ottens nei Mulier?
13 augustus 2004
Training SDS 3,4 en 5
14 augustus 2004

Nij opropber lid
Wy hawwe ien reaksje krigen op ús oprop om foto’s te mailen fan SDS-leden. It betreft hjir in nij lid, Flupke van Beem.

“Flupke van Beem, nij opropber lid! Hy wol graach wat oan de kondysje dwaan, mar is ek gjin achtjin mear….
Groetnis fan syn grutske freon, Sjoerd.”

Fraude by lotterij?
Sneon 14 augustus is de ferneamde Okkema party yn Easterein . Net fan Klaas en Sietske en bern, mar fan Tsjerk en Hendrik. It gerucht giet wol dat de Okkema’s allegear goed “pleatst” binne op de list, om sa de Haitsma in hak te setten. Wy kinne ús dat net foarstelle en sille it persoanlik kontroleare.

Mear geruchten
It gerucht giet dat er in Scheltema/Okkema party útskreaun is mei in A en B klasse. Ek dat is bedoeld om safolle mooglik spikers mei kransen yn de muorre te krijen. De Haitsma hawwe al witte litten dat sy dan in 4 daagse hâlde op de buert mei alle dagen in krâns. It lykje gouden tiden te wurden foar kransemakkers.

Fuortspield?
Soe it gerssied ek fuort spield wêze? Dat wie by it oare fjild ek bard. Fan ‘e wike stie der noch op de side dat er in buike komme koe, mar dit wie wierskynlik te folle dan it goede. Ik haw oer ien wike fakansy. Ik hoopje dat der dan net siedde wurdt want dan kinne wy de paraplu’s wol meinimme op fakansy.

Ôflast
Justerjûn is de oefenwedstriid tusken SDS 1 en Burgum 1 net trochgien. It fjild wie ek yn Burgum te wiet.