SDS-puzzelkwistocht
2 september 2022Weppers moandei 5-9-2022
5 september 2022Wat hawwe wy in prachtich SDS-jubileumfeest hân. Freed mei de wedstriden âld-SDS tsjin âld-Nijland en in prachtige wedstriid tusken SDS 1 en 75 jeugdleden. Sneon mei in sc-Heerenveen-klinik, in fuotbalmikstoernoai, barbekoje en muzyk fan de Meesters. Moai om te sjen dat der in protte jeugd meidien hat en wy in soad âld-SDS’ers oer de flier krigen.
Allegear tige by tige!
Lokkich hawwe wy de foto’s fan Henk Bootsma noch.
Letter dizze wike komme der noch mear foto’s.
De SDS 75-jierflagge yn top
Foar de wedstriid hie iepene foarsitter Willem Wijnia it SDS-jubileumfeest mei in praatsje:
75 jier lyn wie hjir in stik lân en wat kij. No in keunstgersfjild, in prachtich fuotbalfjild en in moaie kantine, mar boppe al in prachtige fuotbalferiening. Hoefolle minsken hawwe de ôfrûne 75 jier hjir net harren hichtepunt hân?
In doelpunt by de E7, kampioen mei de D3, in foarset yn de A1, it debút yn SDS 1 of efter de dug-out mei de faam?
Juster joech Jan Strikwerda my in bydrage foar it SDS-jubileumfeest. Jan is in jier as 84, hat jierren en jierren by SDS keept, mar dêrneist ek mear as 1000 wedstriden by SDS fluite. Hy hat in soad foar SDS dien, mar woe dochs in presintsje jaan om ’t SDS safolle foar him betsjutten hat yn al dy jierren.
Dêr dogge je alles foar!
Mei syn allen de fuotbalferiening bloeiend hâlde. Om mei syn allen it moaiste spultsje te dwaan wat der bestiet. Dêrfoar hawwe wy fuotballers nedich, mar ek frijwilligers en sponsers en supporters dy ’t dit mooglik meitsje. Wy dogge it mei syn allen!
Hjirby wol ik dêrom it ‘earste’ SDS-jubileumboek útrikke oan Eelco Boonstra fan Jumbo-Kooistra Wommels om ’t sy it mooglik makken om it SDS-jubileumplaatsjesboek te meitsjen, ús jongste, middelste en âldste lid Dianthe Engbrenghof, Jesse van der Weide en Ids Boersma en ús topfrijwilliger Klaas de Haan as symboal foar al dy stille krêften hjir binnen de klup. Durk-Jorrit van der Eems hie as haadstiper oars no ek ien krigen, mar dy is op fakansje.
Dêrneist wol ik Henk Bootsma nochris tank sizze foar de prachtige foto’s dy ’t hy makke hat foar it jubileumboek.
Ik winskje jim in prachtich SDS-jubileumfeest ta!
Op nei de 100!
Eelco Boonstra fan de Jumbo-Kooistra krige it earste eksimplaar fan it SDS-jubileumplaatsjesboek lykas frijwilliger Klaas de Haan en it âldste lid Ids Boersma, it middelste lid Jesse van der Weide en it jongste lid Dianthe Engbrenghof.
Ald-Nijland 1:
Ald-SDS 1: Lieder Anne Brouwer, striker Dooitze Nauta, Gert-Jan Hiemstra, Feite de Haan, Anne Stenekes, Harm Stremler, Peter Sijbesma, Jan-Simon Jelsma, Hendrik de Jong, Henk Postma, Floris Hiemstra en koach Kees Jansen.
Op hurken: flagger René Zijlstra, Marten Faber, Robert Sijbesma, Jacob-Klaas Haitsma, Wichard Deinum, Dirk-Yde Sjaarda, Tsjipke Okkema en Jappie Wijnia.
Jan Hiemstra die de ôftraap.
Gert-Jan Hiemstra mei Dirk-Yde Sjaarda en Henk Postma yn duel mei Gert Koolmoes.
In soad minsken lâns de kant.
Peter Sijbesma hat noch altiten in aksje yn hûs.
Robert Sijbesma is it spultsje noch net ferleard en skoorde mei in prachtige stiftbal.
Siem Toering seach út nei de wedstriid tusken SDS 1 en 75 jeugdleden fan SDS. Heit Jaap dus tsjin Siem syn grutte broer Brend.
Jappie Wijnia yn duel mei Hein Damstra
De 75 jeugdeledn hienen der wol nocht yn om efkes te baljen
SDS 1 en 75 jeugdleden fan SDS op de foto mei skiedsrjochter Auke Eringa, flagger Daan Boersma en de lieder fan de 75 bern, Inne Heerma.
It wie betiden in sykplaatsje nei de bal.
De jeugd fan SDS siet der boppe-op.
Letter mear foto’s!