Weppers tongersdei 14-7
14 juli 2016Alle kompetysje-yndielingen
17 juli 2016Justerjûn waard der wer in spannend Wommelser kampioenskip fuotballe. Sûnt dit seizoen is it tradysje dat de makker fan de winnende goal it ferslach makket. Dit kear wie it Lourens van der Pol. Miskien ek in idee om dit by SDS yn te fieren?WK Tongersdei 14 juli 2016 Om 19:30 stienen der wer 12 fanatieke fuotballers klear om wer minimaal een oerke te strijden sadat it bier foar kommend wykein gjin extra invloed hat op it gewicht. It WK fan dizze tongersdei wie een striid tusken Team semi-jong mei de hesjes: Wiebe , Pieter, Erik, Gerlof, Jaap en Lourens tsjin team âlder : Hendrik de J, Elger, Johan, Wytze, Ralph en Andrew sûnder hesjes. It begûn allegear wat treurig foar team hesjes, want nei een pear minuten spylje stie it al 4-0 foar team hesjes. Troch routine en mooi simpel fuotbal like it een onbegonnen zaak foar team hesjes. Dit waard hast bevestige toen Elgerdinho der foar de 3e editie op rij fan it wk op los begûn te strooien mei panna’s. Beneamenswaardich is dat ek foar de 3e editie op rij it slachtoffer fan deze geweldiche skills Pieter S wie. Úteinlijk waard it wer een wedstryd troch de pauzes die beide teams krigen troch it feit dat de iene bal yn de feart lei en de oare 2 kear achter elkoar op de tennisbaan sjitten waard. Of kaam it toch troch joker fan team hesjes Erik? Die mei syn bovennatuurlijke rushes en passes hast as eenmansteam foar een 6-6 stand soarge. It like der op dat team ald wat útblust wie nei safolle tsjinslagen. Elgerdinho feroare yn Pepelger diet wat mear werom sakke en ferskillende vieze oertredingen makke. Dit hie as gevolg dat team semi jong it slotakkoord pakte mei tal fan counters, goeie oanfallen en keurige goals (en missers foar leech goal wer we it net mear oer hawwe). De lêtste goal foar de winnende goal waard makke troch Erik mei een penalty diet der sels fertsjinne hie troch een oertreding fan terminator Ralph yn de 16 meter. Ik freechje mij wol ôf werom Elger telde hoelang de bal ûnderweis wie?? De einstân wie 8-7 foar team semi jong. Nei dizze penalty begûn de echte striid, it moment wêr beslist waard wa de winnaars fan de dei wieden en wa it stikje skriuwe mocht, de winnende goal. Normaal sprutsen duorret dizze goal altiid wol even maar hjoed wie it samar dien. De earste beste counter kaam bij Jaap út die goed troch tocht de bal slim oan de man nêst him joech. (Dit skeelde Jaap wer een stikje skriuwen) Dizze bal wie een kwestie fan binnenrinne en dat gebeurde dan ek. It bierke foar fan it wykein is fertsjinne nei een striid fan 70 soms spannende minuten. |