Ferslach seizoen SDS DA2

Weppers woansdei 11-7
10 juli 2012
Weppers tongersdei 12-7
12 juli 2012

Yn de nijste Treffer stie in koart ferslach fan it ôfrûne seizoen fan SDS DA2. Joutsen Okkema hie ek noch in alderaardichst ferslachje skreaun. Jim kinne it hjirûnder lêze:

SDS DA2 seizoen 2011-2012



It like der earst op dat we net mear in seizoen fuotbalje koenen, mar nei in pear goede petearen setten we dochs, ûnder lieding fan Theo de Jong, útein….

 

We begongen mei goede moed, mei as doel gebrúk meitsje fan echte Da2 kwaliteiten:
Foel
(tiid) Rekke
      
O
promje achteryn

U
ndertusken eefkes kletse mei de tsjinstander (ôfliede)
Laitsje nei de skeids
Juiche foar in moaie aksje (sa no en dan ek om de tsjinstander)
En wille meitsje stie fansels foarop!

 

Hjir lei it net oan, mar we koenen net echt skoare. We ferlearen de measte wedstriiden en eindigen mei 6 punten op it 9e plak. Wit wol dat der ek wol faak ‘ôflast’ op de SDS site stie, dus sa gek is 2 fan de 7 wedstriiden winne hielendal noch net. Foar ús dwaan…


Mar doe kaam de winterdip en moasten we wer eefkes om tafel. Blessures, wurk en gjin tiid mear om te winkeljen brutsen ús op. Lokkich krigen we fersterking fan de famkes en Paul. We moasten wat oan elkoar wenne troch de generaazje kloof… (ek Paul hie muoite mei de nije yndieling en koe nammen net ûnthâlde), mar fuotbaljend makken we gau grutte sprongen.

Sa ferlearen we de twadde wedstriid mar krèkt fan Frentsjer, wylst we earst gjin kâns hienen. En tsjin Foarút en Makkum hienen we út seker kâns om mei 3 punten nei hûs te gean. Thús wûnen we wol. Mei dikke syfers! Tsjin Foarút rôpen we sels: 10! 10! doe’t we mei 7-1 foar stienen (meastal wie it oarsom). En ek tsjin Makkum makken we 5 goals. Mar dat wie neffens harren troch gemien spyljen fan ús kant. Dêr koenen wy ús net safolle by foarstelle…


Gearfetsjend ha we wer in moai seizoen hân, wêr’t we seker fuotbaljend foarútgongen binne. Earst te min spylsters, doe hast tefolle, mei yn’t nije jier, in kompleet/ fêst team.
Miskien kinne, nei sa’n mooi tredde plak no, alle spylsters kommend seizoen stribje nei mear… kampioen?


Dankjewol trainers, lieders en flagger foar jimme ynset! It wie wer top!


Einstân:
1. Robur DA1                  24
2. Frentsjer SC DA2          15
3.
SDS DA2                         7
4. Makkum DA1               5
5. Foarút DA1                 4

* 9 goals foar en 23 tsjin

Pssst… we binne nei de winterstop mei de as lêste eindige teams yn in poule del set, mar dit stiet sa leuk…

Joutsen Okkema