Ynternet sponsor
28 april 2003Nije stân SDS League: wike 9
29 april 2003In ferslach fan Chris en Jos Houtsma
Sneon 12 april Oosterlittens F1 – SDS F1 1 – 5
Thús hiene we mei 8 – 2 wûn mar we wisten, dat it net in makkie wurde soe.
Littens, altyd dreech út. Sterker noch, we hawwe twa kear earder yn Littens spile mei dizze ploech en beide kearen ferlern. We begongen degelik, de ferdediging goed op slot en de oanfal sa no en dan gefaarlik.
Mei rust wie it 1 – 2 foar ús troch ûnder oaren in hiele moaie hoekskop die der yn ien kear ynsylde.
Nei de limonade prachtich fuotbal, in soad kombinearjend en flot fanut de ferdediging nei foaren.
Dat resultearre yn in soad kânsen en ek yn in oantal (3) goals. It hiene der ek 6 wêze kind.
As we sa altyd spylje kin we in soad ploegen oan. Best fuotballe mannen!
Sneon 19 april SDS F1 – Harlingen F1 0 – 3
It wie kâld en der stie in hurde wyn. Harns is koprinner mei WZS
Harns wie de earste helte ek better en kaam foar mei 2 – 0.
Foaral ien spiler wie hiel goed. It wie de soan fan de coach.
In âld Ado den Haag fuotballer die noch tsjin Marco van Basten spielle hie yn in bekerfinale tsjin Ajax.
Nei de pauze begongen wij goed. In hoekskop gong er hast wer yn ien kear yn en de foarset in de rebound ek krekt net. Ien joech in lyts tikje tsjin de bal oars hie hei wol sitten.
It woe mar net slagje. Doe scoorde Harns noch in kear út in counter. Einstân 0 – 3.
Jammer, we hienen wol in goal fertsjinne sjoen it oerwicht yn de twadde helte.