Weppers snein 17-5
16 mei 2015SDS-jûn: Opjaan foar barbekjoe op 30 maaie!
18 mei 2015SDS F1 – Nijlân F1 5 – 4
Mei noch twa wedstriden te gean wie F1 al kampioen. Se moasten ôfrûne sneon noch tsjin de nûmer twa, Nijlân F1. Op it fuotbalfjild fan Wommels. De holle wie net hielendal by de wedstriid by de jongens. Drekt al in goal tsjin troch min opletten. F1 krige dochs wol de oerhân yn de earste helte, 3 – 2 troch goals fan Niels, Timen en Yke, die’t jierdei wie. Nei it skoft nochris twa goals tsjin, de organisaasje wie net bêst. Se fuotbalden as hiene se kampioensmedaiiles fan tsien pûn om ‘e nekke. Mar Niels skoarde noch in kear en Jesse makke krekt foar tiid prachtich de winnende. Nei de wedstriid medailles fan Robert Schildkamp. En de Sjaarda’s hiene in pracht wein yn mekoar setten. Dêrop troch Wommels en Easterein. Op nei de patat yn de kantine. Die smakke wol.
Lucas
Fansels binne der moaie foto’s makke. Klik op de foto’s foar in moaie fergutting
in kampioenskip dat begjint mei de blommen en de medailjes….
en dan de kampioensfoto, de kampioenen grutsk mei harren medailje
en wat is der no moaier as plak nimme op in platte karre…..
….en tajuichd wurde troch heiten, memmen, pakes en beppe broerkes en suske en alle oare fans
en bij in kampioenskip heart fansels patat
en in fleurige, blide en tefreden lieder en liedster
Leden fan de technyske kommisje en foarsitter binne fansels ek te freden