Stân foar de 8e finales
24 juni 2021Weppers freed 25-6-2021
25 juni 2021Tradysje
Mei de SDS EK- en WK-Leagues docht de famylje Faber/Yntema it eltse kear tradisjoniel goed. Yn 2014 en 2018 wûn Lieuwe-Jan Yntema de SDS WK-League en yn 2010 Hessel Yntema. Dit kear giet Klaas-Bouke Faber fol foar de titel en stiet nei de earste ronde iiskâld boppe-oan.
Frysk
Wij miene somtiden dat wij aardich Frysk binne, mar der is immen dy’t ús oertreft. Wij krigen nammentlik fan ien fan de dielnimmers it ynfulde formulier werom en dêrop stiene alle lannen dy’t trochgiene nei de folgjende ronde yn it Frysk op.
At wij it foar it sizzen hiene, dan hie dat om ús wol 25 bonuspunten opleverje mochten. Mar ja, sa wurket it net. Moai dien Hessel Yntema.
Giele kaarten
Ien fan de bonusfragen wie dat jim it oantal giele kaarten foarsizze moasten. Dat is iepen fraach wêr’t elkenien op syn eigen wize nei sjocht. Wij hawwe no 36 wedstriden hân en it oantal giele kaarten is 98. Dat is inklusyf de twa giele kaarten dy’t de Poal krige dy’t er mei read útstjoerd waard.
Wij kinne al fêststelle dat dizze dielnimmers oan de lege kant ynskatten hawwe. Sij sille op dit ûnderdiel gjin punten helje
Sybrecht Overal/pake Willem Twijnstra | 20 |
Jelle Wiersma | 31 |
Okke van der Kamp | 32 |
Tom Wijnia | 32 |
Hendrik Engbrenghof | 34 |
Margit Cnossen | 36 |
Jort Elferink | 61 |
Ate Feike de Boer | 64 |
Frans-Pyter Terpstra | 75 |
Dirk en Mika | 75 |
Appie Posthumus | 86 |
It gemiddelde is no 2,72 per wedstriid en dan soene wij útkomme op 138 kaarten. Kânshawwers foar punten binne dan…….
Anne Jan Hallema | 135 |
Jildert van der Werf | 136 |
Larson Hek | 138 |
Hessel Hek | 144 |
Topskoarders
Fan de 54 dielnimmers wiene der 3 dy’t Lewandoski as topskutter oanjûn hiene. Dy sil it net wurde, want Poalen is nei hûs. Alle oaren binne noch yn de rees. Utsein dy iene dy’t Haaland opskreaun hat. In geweldige spits mar hij is der net bij mei syn Noorwegen.
Topskoarders (2)
Der is ien dielnimmer dy al seker acht kear syn skuon opiten hat……….. Pieter Wijnia hat Morata fan Spanje as topskoorder fan it EK foarsein en dy mist noch wolris in kanske. Juster wûn Spanje mei 5-0 fan Slowakije en Morata mocht in penalty nimme…….. hy miste…….en dat wie net syn earste kans dit toernoai……
Reade kaarten
Ek mei it rieden fan it oantal reade kaarten kinne je alle kanten út. It fariearret bij ús dielnimmers tusken de 2 en 13. Mei ien reade kaart oant no ta, is elkenien noch yn de rees.
Ja sels Appie Posthumus docht noch mei. Want dy tocht werom oan syn eigen fuotbalkarriere en skatte yn dat der 27 reade kaarten falle sille. Dat is net te hoopjen, want dan wurdt it de kommende 15 wedstriden ien grutte skoppartij.
Alderaardichst