EK-League 2-7-2024

Weppers tiisdei 2-7-2024
2 juli 2024
EK-League 3-7-2024
3 juli 2024

Net folle ferrassingen justerjûn, dus der feroaret net folle yn de stân.

Frankrijk – Belgie

Wy rekkenen op in saaie pot en in lytse winst foar Franrijk.
Dat waard it ek.
Paul Reitsma, Jelmer Posthumus, Jens Overal, Jelmer de Groot, Jan-Friso Bruinsma, Ate Feike de Boer, Jaap Toering en Eeltsje Postma rekkenen op 1-0 en kinne 10 punten byskriuwe. De rest allegear 5 punten útsein Annejan Hallema (0-2), Willem Wijnia (1-1), Pieter en Benthe Kamstra (0-0) en Hendrik Eringa (1-1).

Portugal – Slovenië

Wy rekkenen der op dat Ronaldo net skore soe, mar Portugal úteinlik dochs oan it lange ein lûke soe. Dat barde ek.
12 lju rekkenen op in lykspul en kinne 5 punten byskriuwe. Hjirfan wie Hendrik Eringa de ienige dy’t net op doelpunten rekkene en 10 punten byskriuwe kin.

Frankrijk en Portugal troch nei de kwartfinale

De measte dielnimmers seagen dizze topfavoriten wol yn de kwartfinale. 3 dielnimmers hawwe sa noch altiten de folle 100% skore. Pieter Sijtsma, Aant en Redmer en Harmen hawwe alle 6 kwartfinalisten noch goed. Lisa Hoekstra seach it net sitten mei Ronaldo c.s. en moat hjirtroch de kopposysje oerlitte oan Pieter Sijtsma.


Pieter pakt de kopposysje en dreamt al fan de beker

Thúsfoardiel?

Oant no ta hawwe yn de 8e finale alle teams wûn dy’t saneamd thús balje. Dit is gjin goed nijs foar Oranje. As it sa trochgiet dan geane hjoed Roemenië en Oostenrijk troch.

Rinse Joustra stiet no tegeare mei Gerbrand en Douwe-Jan ûnderoan. Hooplik jout dit Rinse as fisk-fegetariër wat rêst. Dan hat hy noch mar in tegoed fan €25,- oan deade fisk.

1 2 Pieter Sijtsma Wommels 755
2 3 Jens Overal Terschelling 725
3 5 Eeltje Postma Wommels 710
4 1 Lisa Hoekstra Easterein 710
5 4 Annejan Hallema Wommels 705
6 8 Jaap Toering Wommels 700
7 9 Jelmer Posthumus Wommels 700
8 7 Bote Strikwerda Wommels 695
9 6 Pieter en Benthe Kamstra Easterein 695
10 10 Redmer en Harmen Easterein 695
11 11 Aant Hofstra Wommels 690
12 12 Grietzen Broersma Ljouwert 690
13 14 Johan Delfsma Wommels 685
14 15 Jelte-Pieter Dijkstra Wommels 680
15 17 Wiebe Heeres Wommels 680
16 16 Brent en Syb Easterein 675
17 18 Bas Postma Landerum 670
18 19 Folkert en Tjerk van der Werf Reahûs 670
19 22 Margit Cnossen Spannum 665
20 29 Paul Reitsma Wommels 665
21 23 Pieter Wijnia Wommels 665
22 24 Samme Overal Terschelling 665
23 26 Erik Haitsma Wommels 660
24 27 Lolke Hofstra Wommels 660
25 25 Willem Wijnia Wommels 660
26 30 Jan-Friso Bruinsma Wommels 655
27 28 Lourens van der Pol Easterein 655
28 33 Jelmer Hanenburg Spannum 650
29 31 Marc Hoekstra Easterein 650
30 32 Hendrik de Jong Wommels 645
31 13 Hendrik Eringa Spannum 645
32 34 Auke Eringa Wommels 640
33 35 Eeltsje Bootsma Ljouwert 640
34 36 Melle de Boer Wommels 640
35 38 Tom Wijnia Wommels 635
36 41 Hessel Hek Hoorn (Skylge) 630
37 42 Jelke van der Werf Wommels 630
38 40 Brend Toering Wommels 625
39 21 Jelmer de Groot Hoorn (Skylge) 625
40 20 Seriette Strikwerda Spannum 620
41 46 Ate Feike de Boer Wommels 615
42 47 Frans-Pyter Terpstra Wommels 615
43 45 Jelle Wiersma Wommels 615
44 48 Rudmer Jesse Joustra Wommels 595
45 37 Teade de Boer Wommels 590
46 43 Jildert van der Werf Wommels 580
47 44 Anne Torensma Midsland 570
48 39 Gerbrand en Douwe Jan Wommels 530
49 49 Rinse Joustra Wommels 530