EK-League 11-7-2024

EK-League 10-7-2024
10 juli 2024
Tarieding SDS 1 seizoen 2024-2025
12 juli 2024

Nederland – Engeland

25 dielnimmers seagen Ingelân wol yn de finale kommen en pakke 100 punten. Dat dit ten koste gean moast fan Nederlân sil de measten al wat spitich fine.

Redmer en Harmen baalden it meast dat Nederlân juster ferlear fan Ingelân. Sy hienen as finale Nederlân – Spanje foarsein en sakje no fan it 3e nei it 13 plak.

Wat sil Johan Delfsma baalt hawwe doe’t hy juster yn it Signal Iduna stadion yn Dortmund seach dat Nederlân de 2-1 om de earen krige. In lytse goedmakker is miskien dat dit der al foar soarget dat hy op it twadde plak stean bliuwt yn de SDS EK-League.

2 dielnimmers hawwe de finale goed foarsein. It kin gjin tafal wêze dat dat 2 Eringa’s binne. Sawol Auke as Hendrik Eringa hawwe it goed. Auke bliuwt sa oan kop fan de EK-League en Hendrik docht it knap mei in 10e plak.

Farske pake, Auke Eringa, noch altiten boppe-oan yn de SDS EK-League

Rinse Joustra nimt de reade lantearn wer oer fan Gerbrand en Douwe-Jan. Sil der dan dochs oan de fisk moatte?

Wat falt noch mear op oan de stân?
De bêste Skylger is Bas Postma. Hy stiet 5e.
De bêste Hofstra is Lolke. Hy stiet 11e. Syn broer 30e.
De bêste Hendrik is De Jong. Hy stiet 8e. Ozzy stiet 10e.
De bêste Van der Werf is Jelke. Hy stiet 18e. Omke Folkert en neefke Tjerk steane 23e en heit Jildert 27e. Heit Jildert hie him al ryk rekkene mei in finale Spanje – Nederlân, mar dat rûn efkes oars…..
De bêste Wijnia is Tom. Hy stiet 14e. Pieter stiet 25e en harren heit 28e.
De bêste Pieter is Jelte Pieter. Hy stiet 21e. Pieter Sijtsma en Pieter Wijnia steane  dield 23e en Pieter (mei Benthe) dield 38e.
De bêste Jelmer is Hanenburg. Hy stiet 12e. Dat is 5 plakken heger as Jelmer Posthumus en 24 plakken heger as Jelmer de Groot.
De bêste De Boer is fansels Melle. Hy stiet 16e. Omke Ate stiet 19e en oer heit Teade hoefe wy it net te hawwen.
Oer de Toerings trouens ek net. Sy steane beide (Jaap en Brend) by de ûnderste 10.

1 1 Auke Eringa Wommels 1190
2 2 Johan Delfsma Wommels 1140
3 4 Wiebe Heeres Wommels 1135
4 5 Brent en Syb Easterein 1125
5 6 Bas Postma Landerum 1120
6 7 Annejan Hallema Wommels 1095
7 9 Eeltje Postma Wommels 1095
8 10 Hendrik de Jong Wommels 1095
9 11 Lisa Hoekstra Easterein 1085
10 12 Hendrik Eringa Spannum 1080
11 21 Lolke Hofstra Wommels 1040
12 23 Jelmer Hanenburg Spannum 1035
13 3 Redmer en Harmen Easterein 1035
14 25 Tom Wijnia Wommels 1030
15 27 Marc Hoekstra Easterein 1025
16 28 Melle de Boer Wommels 1020
17 30 Jelmer Posthumus Wommels 1010
18 32 Jelke van der Werf Wommels 1005
19 8 Ate Feike de Boer Wommels 995
20 34 Bote Strikwerda Wommels 995
21 37 Jelte-Pieter Dijkstra Wommels 980
22 13 Erik Haitsma Wommels 975
23 38 Folkert en Tjerk van der Werf Reahûs 970
24 14 Pieter Sijtsma Wommels 970
25 39 Pieter Wijnia Wommels 970
26 15 Jens Overal Terschelling 965
27 16 Jildert van der Werf Wommels 965
28 41 Willem Wijnia Wommels 960
29 42 Lourens van der Pol Easterein 955
30 17 Aant Hofstra Wommels 950
31 18 Samme Overal Terschelling 950
32 19 Paul Reitsma Wommels 945
33 20 Seriette Strikwerda Spannum 945
34 45 Jelmer de Groot Hoorn (Skylge) 940
35 22 Margit Cnossen Spannum 940
36 24 Jan-Friso Bruinsma Wommels 930
37 26 Hessel Hek Hoorn (Skylge) 925
38 29 Jelle Wiersma Wommels 910
39 31 Pieter en Benthe Kamstra Easterein 910
40 33 Jaap Toering Wommels 900
41 35 Frans-Pyter Terpstra Wommels 895
42 36 Grietzen Broersma Ljouwert 895
43 40 Rudmer Jesse Joustra Wommels 870
44 43 Anne Torensma Midsland 845
45 44 Eeltsje Bootsma Ljouwert 840
46 48 Teade de Boer Wommels 830
47 49 Gerbrand en Douwe Jan Wommels 760
48 46 Brend Toering Wommels 755
49 47 Rinse Joustra Wommels 730