Einstân SDS-League: Gjin kampioen…….

Moandei 4 maaie start trainingen
29 april 2020
Sneon bier te keap by de Skoalleseize
1 mei 2020

No’t it Eredivisieseizoen 2019-2020 definityf stoppe is hawwe wy mei it SDS-League-komité digitaal byinoar west en besletten hjirby ek te stopjen mei de 56e SDS-League.

Wy hawwe besletten dat der gjin kampioen is en dat der ek net ien hoecht te degraderen 😉
De dielnimmers hoefe gjin ynlisjild te beteljen.

Wol krije de 4 wykpriiswinners harren wykrpiis. Sa binne der dochs noch in pear winners:
Wike 1: ‘Kratje bier’ fan Robert Hoekstra
Wike 2: ‘Jelsmanian Devils’ fan Jan-Simon Jelsma
Wike 3: ‘Postmeister’ fan Jelmer Posthumus
Wike 4: ‘Beter Horen’ fan Frank Bervoets

Jan-Friso Bruinsma wurdt mei ’90 minuten lang’ no 1e yn de SDS-League, mar it smyt him neat op. ‘FC Hizaard’ fan Simon Bruinsma gie as in spear, mar it 2e plak is allinnich foar de ear. Sa wurdt ‘Ricksdaalder’ fan Rick Hendriks knap 3e, ‘Postmeister’ fan Jelmer Posthumus 4e en ‘The Knuckleheads’ fan Bas van der Weij 5e.

‘Op nei de Top’ fan Marten Faber eindigt ûnderoan, mar stie noch mar ien puntsje ûnder ‘KarAte’ fan Ate-Feike de Boer. Lokkich degradeart der ek dit jier net ien út de SDS-League en hoopje wy folgend seizoen de SDS-League útwreidsje te kinnen mei noch mear dielnimmers.

Hooplik kinne wy yn septimber los mei in nije edysje fan de SDS-League!
Bliuw sûn!

De ‘einstân’: SDS League 2019-2020 twadde helte wike 4