Efkes balje 7-8

Weppers freed 7-8
7 augustus 2015
Weppers moandei 10-8
10 augustus 2015


De kop fan dit stikje hie wêze sillen “Drainaazje freulefjild trochstiet swit- en bierbuien” mar hie ek wêze kinnen “Wouter Hylkema beslist de striid mei wrâlddoelpunt”.
Kieze is somtiden lestich, dêrom mar gjin kop.
Oer it fjild yn Wommels binne al faak komplimenten útdield at it der om giet wat it ha kin oan wetter, dêr kin no wer in haadstik bij.
Under it motto “it luie swit of it Freulebier der út ” waarden de teams yn dield. Yn prinsipe wie dat it selde as jong tsjin âld, wêrbij it noch altiten net dúdlik is wa no welke ploech wie.
Hawar de jonge 7 hiene it heft yn de hannen yn de grutte partij. Hieltyd bleaunen se de âlde 7 ien of twa doelpuntsjes foar en wat langer de striid duorre wat grutter it ferskil waard.
De healwei njoggenen klokslach kaam dan ek op in goed momint. Alles oan lui swit wie der út en ek it Freulebier hie it lichem op in plesierige wize ferlitten.
Yn de grande finale gong it dus gewoan wer om ynsicht, technyk, taktyk, kondysje en trochsetten.


En krekt dat lêst wurd wie beslissend. Wouter Hylkema syn foarset waard twa kear mei muoite keard en yn syn tredde poging skeat hij gewoan rekke.
In wrâlddoelpunt……..

Freulebierswitter: Theo, Johan, Chiel, Piter, Aant, Wouter en Harry
Luieswitswitters: Lucas, Robin, Inne, Folkert Rients, Bertus, Klaas en Rudy