Efkes Balje

SDS 1 sil tiisdei los!
2 augustus 2014
Weppers snein 3-8
3 augustus 2014

Fan ús korrespondint tichtbij bij it swit

At je tinke dat it Efkes Baljen samar wat is, dan hawwe je it mis. It begjint hieltyd profesjonieler te wurden. Yn dizze fakânsjeperioade waard sels de Whatsapp groep formeard. Wêr ’t it oars in ferrassing is wa’t komt en at der wol genôch binne, sa witte je no al fier fan te foaren wa’t allegear komme.  No ja, net allegear. Want nei in earste ôfmelding kaam der om 19.22 oere noch in berjochtje binnen fan Bertus: ik bin der wol”. Dat lêsde elkenien nei ôfrin want op dat stuit wiene de heiten en de soannsen en de rest al dwaande mei ynskoppen.
It hie dus in heech heit en soangehalte. Inne en Johan, Matthijs en Theo, Steven en Tjerk en Wouter en Jildert. De 8 donkere sjurtsjes namen it op tsjin de 7 hesjes.

De hesjes starten furieus en namen úteinlik in 4-0 foarsprong.  Doe begrutte it harren. Je seagen it oan alles. In toskje werom dus en mei in soad muoite kamen de sjurtsjes tsjin healwei njoggenen op 4-4. Johan Heerma hie it striidfjild doe ferlitten mei in iensidige blessure op de heup en Pieter Sytsma, earst taskôger hie syn fuotbalskkuon doe troch mem bringe litten.


“De finale twa doelpunten “joech it selde byld. In foarsprong foar de 7 hesjes en úteinlik de winnende foar de 8 sjurtsjes. Ferry Korbach wie de makker en hij makke fan bliidskip suver efkes in spronkje.

Fansels wiene der wer moaie doelpunten, skitterjende oanfallen, ferrassende heechstandsjes en hylaryske taferielen.

Gida Heerma hie har noflik deljûn oan de kant mei in kamera en sij makke
tal fan foto’s en doe’t Johan útfoel naam hij it oer. Midden yn it fjild flitste hij omraak.
De waarmte hie syn wurk mear as dien en de ijsko fan de famylje Heerma gie der yn as in kâlde klets.
It earste whatsapke foar nije wike is ek al wer binne: Sa’t it no liket bin ik der nije wike  wer. Hendricus