Eddy Makaay de Boer

Ek Appie stoppet.
24 mei 2004
Lykle Bleekveld tekent by SDS
25 mei 2004

Eddy de Boer skoorde 20 kear dit jier. Dat is in topprestaasje foar immen dy’t nea traind. Eddy is him dat bewust.

Hy wit dat it troch syn ploechgenoaten komt,  dat hy yn net te missen posysjes brocht wurdt. Sa koe hy 20 kear rekke skoppe. Krekt as Roy Makaay woe Eddy syn ploechgenoaten dêrfoar tank sizze. Yn Sanfurden kamen syn tankwurden derút.

Eddy de Boer sprekt de meute ta en nimt alle doelpunten noch efkes troch mei syn wetterdragers.

Tusken it bargjeknoeien en it bierdrinken kaam it kado fan Eddy as in ferrassing

In drankje…!!!!!