Easterein wint

Wepperkes -freed-
23 augustus 2007
Wepperkes -snein-
26 augustus 2007

Wommels 17.00 oere

It miel foar de FC Wommels stiet klear. Rynsk beleine broadsjes op de bar fan Jimbar


Tagelyk koe it ferklaaien  op de stoepe begjinne…


Materiaalman Ate sjocht dat it goed is …


Opwaarmje op de Terp…


Wylst motoren fan de Harley Davidson klup út Boalsert foar it geweld soargje…..


En foardat de tocht nei Easterein begjint earst noch op de foto

 
Heal Wommels gie dêrnei op wei nei Easterein mei spandoeken ûnder de earm….



En sa komt de stoet mei befeiliging, mei motoren, mei bussen en mei in limousine yn Easterein oan.


It breidspear mei de gasten rûnen út bij kafe Bergsma om de stoet te besjen…..



De stoet komt oan bij it sportpark…….

En de spilers mei sinnebril en ipod hoege mar 10 meter te rinnen nei it fjild ta.

19.00 de wedstryd

Easterein hat freedtejûn de wedstryd tsjin Wommels wûn. In tsjinfallende wedstriid wêryn it spektakel útbleau.

De wedstryd wie teloarstellend. Wommels wie better  mar koe de 1-0 (strafskop fan Remco Bervoets) net útwreidzje nei mear doelpunten.
Der wiene sa wie sa te min doelripe kânsen.

En sa hie de betsjinner fan it skoareboerd in makkie. Hij hoechde mar twa kear yn aksje te kommen.

Easterein kaam yn it lêste kertier opsetten en úteinlik waard it noch 1-1.

De strafskoppen moasten de beslissing bringe. Erik en Anne misten foar Wommels. Dirk Yde foar Easterein.

Foto’s fan dit barren kinne jim ûnder oaren sjen jim sjen op de side fan Jaring Rispens.